HomeDatabanken

Volledige tekst

idnummer CJ000102
tekst Twa pearkes út Aldegea gongen ris nei Hinke Kaert ta to Nijebrêge. Hinke koe de takomst foarspelle. It wienen boeredochters, de fammen en ik tsjinne by de âlden fan de iene. Ik sliepte nachts ek by dy faem. Hja fortroude my altyd alles ta. Doe 't se by Hinke Kaert west wie fortelde se my har wederfaren. Hinke hie sein: Dêrstû mei trouste, dy moat ûnder tsjinst. Hy sil in goed nûmer lûke. Mar hy krijt it yn 't boarst. It is letter krekt sa útkaem. De feint rekke ûnder tsjinst, mar doe waerd er dêr ôfkeurd, omdat er 't oan 't boarst krige. Hy is wol troud mei dy faem, mar syn kwael boaze sa hurd oan, dat al ridlik gau dêrnei is er stoarn.
Fan it oare pearke hiet de faem Minke Schuurmans. De faem, dêr't ik by sliepte, hie ek heard hwat der oer hàr sein wie.
"Dû moatst skielk trouwe," hie Hinke sein. Minke waerd o sa kjel, mar Hinke krige gelyk. Mei deselde feint, dêr 't hja forkearing mei hie, troude se hommels. Dy feint waerd doe arbeider by syn heit.
Der kaem ris in man by Hinke Kaert, dy woe wite hoe 't it him yn syn houlik gean soe. "Hwatte?" sei Hinke, "yn dyn houlik? De tuchthúsdoarren stean foar dy iepen."
"Hoe dat sa?" frege de feint.
"Kinstû dat noch freegje. Dû wytst it sels donderse goed. Dû hast hwat útheve. Liich der mar net om. Fortel it my mar, dan kin ik dy miskien ried jaen."
Doe foel er troch de koer en hy sei hwat er misdien hie.
Hja joech him goede rie en sei: "Se sille dy dêr goed bihandelje."
Sa is't ek gebeurd.
Der kamen ek ris twa by Hinke, dy woenen har to fiter ha. Mar Hinke hie se fuortdaliks troch. "Wy woenen wol hwat fan jo witte", seinen se.
"Ja", sei Hinke, "ik sil jimme mei de heidebiezum." En hja jage se fuort.