|
|
|
idnummer
|
CJ003302
|
|
tekst
|
Der wie in raef, dy siet yn 'e beam. Hy hie in stik tsiis yn 'e bek.
Dat seach in foks. Dy hie wol sin oan dat stik tsiis en dêrom sei er tsjin 'e raef: "Ik ha dy lêsten sjongen heard. O, o, hwat kinstû moai sjonge."
De raef seit neat werom.
Dan seit de foks: "Wier, ik ha noch noait ien sa moai sjongen heard."
De raef seit noch neat.
Dan seit de foks: "Toe, lit dyn stim noch us hearre."
Dan docht de raef de snaffel iepen. En der klinkt in aeklik gekras. It stik tsiis falt him út 'e bek. Dat pakt de foks gau en dy naeit der hurd mei út. Sa hied er de raef moai to fiter hawn.
|
|