|
|
|
idnummer
|
CJ051201
|
|
tekst
|
Ik kom wol us by Hinke Kaert. Dêr mocht ik graech hinne gean. Hwat dy sei dat kom sekuer nei. Jy koenen ek oer óáre minsken hwat to witen komme by Hinke. Hwa't jy mar neamden, dêr fortelde se hwat fan.
Hja hie tichte by har in snúfdoaske stean, dat brûkte se sa nou en dan.
Myn skoanheit wie widner. Myn skoansuster wenne by him. Ik woe hwat fan 'e takomst fan har wite. Hinke sei, hja krige in lyts swart mantsje. It kom út.
Ik siet der ris wer op in snein, doe kommen der trije froulju yn. Ik siet der by doe't Hinke 't tsjin dy froulju hie.
Tsjin ien fan dy froulju sei se: "Nou ha jo forkearing mei sa'n bêste feint, mar jo binne net mei ien tofreden."
Dy faem krige sa'n kop!
'k Hie myn swager hwat jild liend foar in skip.
Hinke sei tsjin my: "Dat jild kinne jo wol ûnder 'e soal fan jou skoech strike." Dat wie èk sa. Ik krige 't net wer.
|
|