|
|
|
idnummer
|
CJ068003
|
|
tekst
|
In tsjoenster kin har yn in wite kat foroarje. Seagen de minsken froeger in wite kat, dan seinen se: "Dat is in tsjoenster."
In muoike fan my wenne achter de Bosk yn Stiensgea. Hja wie noait goed. Hja wie doe noch net troud. Ut en troch kom der in âld wiif by har. Sy seinen tsjin Teikje-muoi: "Dû koest wol bitsjoend wêze." Op in kear ha se doe 't kessen útelkoar toarnd. Dêr sieten in stik of acht krânsen yn.
Alle fearkes leinen moai deselde kant oer. Ien fan dy krânsen hat Feikje-muoi noch lang biwarre. Der wie net ien krâns by dy't in fearke op 'e kop hie. Wie dat it gefal, as der ien fearke boven ta'n út stiek, dan stoar it minske. Der siet jern en fan alles yn.
Nei't se de fearren út it kessen helle hienen wie muoike gau wer genêzen.
Mar dat âld-minske woenen se letter net wer yn 'e hûs ha. Dy wenne mar in eintsje fan har ôf.
|
|