|
|
|
idnummer
|
WOUDA018007
|
|
tekst
|
Doe ik noch in saek hie, hie ik in timmerfeint yn tsjinst út Woarkum, dy Johan Kemker hjitte. Dy Kemker hie in man kend yn Woarkum, dy hjitte sterke Gelf. Woarkum lei oan sé en oan de sédyk wie haeilån. Nou barde it ris, dat twa hynders in weide hea net by de steile oprit fan de dyk op krije koene.
Sterke Gelf sei:“Span de hynders mar út” en luts de wein sels by de dyk op. Hy hie in pear nije, degelike pantoffels oan, mar doe de wein op 'e dyk stie, stie Gelf nêst de kapot-sette pantoffels.
|
|