Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

ABIJMA04 - De trije bakkerssoannen

Een sprookje (), 1951 - 1954

77.jpg

Hoofdtekst

De trije bakkerssoannen
Der wie ris in bakker, dy hie trije soannen. Doe't de man âlder waerd, tocht er: ien fan 'e trije jonges moat de bakkerij skielk ha, mar hokker sil dat wêze? Hwant hy hâldde fan alle trije like folle. Mar dochs, hy woe leafst, dat dyselde him krige, dy't it measte jild fortsjinje koe. En dêrom sei er tsjin syn trije bern:
"Hark ris jonges, nou moatte jimme alle trije in jier lang ta de doar út. En dy't fan jimme trijen oer in jier it measte jild thús bringt, dy sil de bakkerij ha."
De trije soannen gongen op stap en doe't hja by in krúspunt oanlânnen, keas elts fan harren in rjochting.
De âldste socht in boer op, dêr't er him as feint bistege tsjin 100 goune. Dat wie yn dy tiden in grou lean.
De twade bidarre by in banketbakker en soe, as it jier om wie, mei 125 goune leanne wurde.
De trêdde lykwols, de jongste, dy't troch syn bruorren net foar ien fan 'e snoadsten hâlden waerd, wist net rjocht hwer't er hinne soe.
Hy kaem in lyts húske foarby, dêr siet in swarte kat yn 't finsterbank.
"Hwer silstû hinne?" frege dy.
De jonge lei de saek út.
"Dy't it measte fortsjinnet, sil de bakkerij ha," sei er.
"Nou," ornearre de kat, "ik soe sizze, dû moatst hjir mar in jier bliuwe. Dû hoechst oars neat to dwaen as to jirpelskilen en to pankoekbakken en dû silst it goed by my ha."
Sa bistege de jongste him by de swarte kat en, hy koe 't net oars sizze, hy hie it dêr tige nei't sin.
Oer it fortsjinst wie lykwols nea preat woarn en doe't it jier omtrint om wie, waerd de feint hwat nuodlik. Hy tochte, nou kom ik aenst sûnder in sint thûs. En hy klage syn need by de kat. Mar de kat sei:
"Ha mar gjin noed, jong." En sjoch, doe't hy der krekt in jier west hie, joech it bist him 200 goune.
De jongste kaem dus mei it measte jild thús. Hy hie dus winliken rjocht op 'e bakkerij, mar de beide oaren forgunden it him. En se seinen tsjin har heit: "Dat jild is er grif net earlik oan kaem. Hoe soe sa'n sokses as hy is in grouwe 200 goune fortsjinje kinne? Wy moatte it noch mar ris in kear oerdwaen."
Dat like de heit wol goed ta en sa gongen se jitris op stap, elts in kant út. De jongste kaem wer it lytse húske foarby, dêr't de swarte kat yn 't finsterbank siet.
"Goeije," sei de kat, "hwat is it doel fan 'e reis?"
Doe't de jonge de saek útlein hie sei it bist:
"Kinst neat better dwaen en bliuw hjir by my. Dû silst it goed by my ha. Dû hoechst oars neat to dwaen as to jirpelskilen en to pankoekbakken."
De jonge naem it oan en tsjinne de kat.
De âldste soan hie him dit kear lykwils bistege foar 250 goune en de twadde foar 300.
Doe't it jier hast om wie waerd de jongste wer nuodlik, hwant hja hienen wer net oer't fortsjinst praet. Mar de swarte kat sei:
"Ik lit dy net sûnder jild fuortgaen, hear. Hjir hast in forrotte koalraep. Aste thús biste moatstû dêr mar goed op ombûke."
Sa die er. Doe't de âldste syn 250 goune op 'e tafel útteld hie en de twadde 300, sloech de jongste op 'e koalraep om en sjedêr, ûnder it slaen kaem der in hiele smite goudstikken út. Dier wie folle mear jild as de oare beide togearre fortsjinne hienen.
Mar dy twa wienen der net tofreden mei.
"Dit doocht net," seinen se. "Hjir is er net earlik oan kaem."
En hja fregen har heit oft hja nòch in jierlang tsjinje mochten.
Dat waerd tasein en sa barde it, dat de trije soannen der foar de trêdde kear op út teagen om nòch mear to fortsjinjen as it foarige jiers.
De âldste bistege him foar 325 goune, de twade foar 350 goune.
Mar de jongste bidarre wer by de swarte kat en tsjinne dêr in hiel jier.
Doe't it jier om wie naem de kat him mei nei in keamer ta.
"Sjoch," sei de kat, "dêr staen twa kisten. Dy binne foar dy. Mar harkje nou goed. As it fannacht toalve ûre slacht, moatstû my beetpakke en yn it fjûr goaije. Dêr moatstû my forbrânne. Komme der dan rare lûden, dan meistû net omsjen. Goed forstien?"
De jonge hie 't goed forstien en doe de klok toalve sloech, die er krekt sa lyk as de swarte kat him hjitten hie. Hy pakte it bist, smiet it yn 't fjûr en steurde him net oan 'e rare lûden, dy't er haerde. Net earder as doe't de kat forbrând wie seach er efterom. Mar hwat stie dêr?
In moaije prinsesse mei in goudene kroane op 'e holle. Hja stie dêr njonken de beide kisten, dy't stiiffol sieten met goud en ealstiennen. Hja lake him ta en naem him by de hân.
"Ik bin dyn breid," sei se, "ik wie bitsjoend yn in kat, dû hast my forlost troch my trije jierren lang to tsjinjen. De beide kisten binne foar dy."
De jonge stjûrde dyselde deis in boadskip nei hûs ta, dat de twade soan mocht de bakkerij ha en de âldste koe op syn rekken ien keapje.
Mar hysels teach mei syn prinsesse nei it lân, dêr't hja fandinne wie, en dêr fierden se in brulloft dy't klonk as in klok.

Onderwerp

AT 0402 - The Mouse (Cat, Frog, etc.) as Bride    AT 0402 - The Mouse (Cat, Frog, etc.) as Bride   

ATU 0402    ATU 0402   

Beschrijving

Een van de drie zonen van de bakker mag de bakkerij overnemen: degene die in een jaar het meeste geld verdient, mag de bakkerij hebben. Na een jaar hebben de twee oudste broers als knecht van een boer en een bakker niet zoveel verdiend als de jongste broer. En voor dat geld heeft hij alleen maar een jaar lang in het huisje van een sprekende kat gewoond en voor het dier gezorgd. De oudste broers eisen een hernieuwde proef, maar ook ditmaal komt de jongste met het meeste geld thuis na weer bij de kat te hebben gewoond. Uit een rotte koolraap slaat hij talloze goudstukken. Voor de derde maal moet de proef gedaan worden. Aan het eind van het derde jaar belooft de kat aan de jongste zoon twee kisten met goud en edelstenen. Maar dan moet hij wel om middernacht de kat in het vuur gooien en niet omkijken. Hij doet dit en even later tovert de kat in het vuur om in een prinses. De jongen stuurt zijn vader en broers bericht dat hij de bakkerij niet meer hoeft te hebben. Hij reist met de prinses mee en trouwt met haar.

Bron

Dam Jaarsma: `Teltsjes út 'e Fryske Wâlden fan Anders Bijma', in: It Heitelân 32 (1954), p.158-159.

Motief

H1242 - Youngest brother alone succeeds on quest.    H1242 - Youngest brother alone succeeds on quest.   

H1210.1 - Quest assigned by father.    H1210.1 - Quest assigned by father.   

B313 - Helpful animal an enchanted person.    B313 - Helpful animal an enchanted person.   

B422 - Helpful cat.    B422 - Helpful cat.   

D700 - Person disenchanted.    D700 - Person disenchanted.   

Commentaar

ca. 1953
Onder Beeld een foto (kleur) van Bijma's graf.
Het verhaal is ook in september 1971 opgetekend door Ype Poortinga; zie YPFOE006.
Motieven: H1242 Youngest brother alone succeeds on quest; H1210.1 Quest assigned; B313 Helpful animal an enchanted person; B422 Helpful cat; D700 Person disenchanted
The Mouse (Cat, Frog, etc.) as Bride

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20