Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

ABIJMA09

Een mop (tijdschriftartikel), 1951 - 1954

Hoofdtekst

Lytse Klaes hie greate Klaes hast altyd tofiter. Op in kear stjert lytse Klaes syn mem. Lytse Klaes giet hinne en set syn mem yn in tintsje op 'e merk. Foar har leit er in hieleboel apels en parren del. In mynhear freget: "Hwat jilde dy parren?" Hy freget oan trije kear ta. As er dan noch gjin andert krijt, slacht er har tsjin 'e holle en hja falt del.
Lytse Klaes, dy't om in hoekje stie en alles sjoen hie seit: "Dû hast myn mem deaslein. Dat silst my bitelje." Mynhear jowt him in grou stik jild. Lytse Klaes ûnthjit dan, dat er him stil hâlde sil.
As er thús komt freget greate Klaes: "Hwer hastû al dat jild wei?"
"Ik haw myn mem dea slein en forkoft."
Greate Klaes slacht dan syn mem dea en nimt har op 'e rêch. Hy ropt: "Dooie mensen te koop! Dooie mensen te koop!" Mar der wie net ien, dy't syn mem keapje woe.
Greate Klaes wie lulk. "Ik krij dy wol wer", tocht er. Hy nimt in sek, dêr't er lytse Klaes yn triuwt. De sek bynt er ticht en dan smyt er him yn 't wetter. Mar 't bantsje rekket los en lytse Klaes klattert by de wâl op.
In pear dagen letter treft er greate Klaes. "Hoe, libbest dû noch?" freget dy. "Jawis heite," andert de lytse man, "en 't wie dêr seldsume moai op 'e boaijem fan 't wetter. It lei der bisiedde mei diamanten en jild."
"Wolst my èk yn in sek triuwe en yn 't wetter smite?"
Dat wie goed. Greate Klaes kaem yn 'e sek en lytse Klaes liet him by de brêge deltruzelje.
Mer greate Klaes kaem net wer boppe.

Onderwerp

AT 1535 - The Rich and the poor Peasant    AT 1535 - The Rich and the poor Peasant   

ATU 1535    ATU 1535   

Beschrijving

Als de moeder van Kleine Klaas sterft, zet hij haar buiten neer met appels en peren. Een man vraagt herhaaldelijk hoeveel de peren kosten en slaat de vrouw. Kleine Klaas beschuldigt hem van moord en krijgt veel geld. Als Grote Klaas hoort dat Kleine Klaas zijn dode moeder heeft verkocht, vermoordt hij ook zijn moeder en gaat met haar leuren. Niemand wil haar echter kopen. Grote Klaas ontsteekt in woede, stopt Kleine Klaas in een zak en gooit hem in het water. Kleine Klaas weet uit de zak te komen en beweert later dat op de bodem van het water allemaal edelstenen en geldstukken liggen. Nu laat Grote Klaas zich in een zak in het water gooien en verdrinkt.

Bron

Dam Jaarsma: `Fan in rike boer en in earme jonge', in: De Strikel (1963), p.13.

Commentaar

ca. 1953
The Rich and the Poor Peasant (Unibos)

Naam Overig in Tekst

Kleine Klaas    Kleine Klaas   

Grote Klaas    Grote Klaas   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20