Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

SINVNS28 - Pieterke

Een mop (boek), 1900

Hoofdtekst

Pieterke
Der waes in jonge, dy Pieterke hiette. Op in snjoontoachtemidje sei syn mim tsjin him: "Pieterke, gean even nei de winkel en hàlje gau in stopnel fòr my. Dyn koesen sitte sò fol rapen, dat ik se stopje moat, oars hàst moan gyn ienes hele koesen oan. Tink 'r foral om, das 't 'm onderwei net falle liste."
Pieterke woë graech hwat for syn mim dwaen en gie dalik hinne om de nel to hàljen.
Krek, doe hy ùt de winkel koom, ging er in ryd hea forby, dy de kant útging fan syn hues.
Pieterke tocht dalik oan de ried fan syn mim, sei by himself: "Ik scil 'm ynt hea stekke en as ik dan by hues bin pakje ik him erút." — En bly, dat er'm noe net weibringe koeë, roon hy nêst de wein mei nei hues tò. Mar doe hy der wa scoe hy gau de nel pakje. Mar hò hy ik socht, hy koeë him tusken al dat hea net mear fine.
En doe hy wer by syn mim koom, fortelde hy hjar, hwat hy dien hieë en... dat hy sonder nel túskoom.
"Hwat hàst toch dom dien, Pieterke," sei syn mim. "Do koeëst toch wol bigripe, dast'm tusken dat hea net werom fine koeste. Do hiest him op dyn jekkert stekke moatten."
"Dat wear ik," sei Pieterke, "as 't wer bêrt."
In pear dêgen letter hieë syn ta de greep britsen. En der hy dong stryje moas, froech hy oan Pieterke, of hy gau even nei de smid gean woë om in nyen-ien.
"Hêrd rinne, hear, want oars kom ik fanjoon net mear klear."
Pieterke fleach as de wyn hinne en gelokkich, de smid hieë dir noch ien stean.
Pieterke noom 'm yn de han en doe de doar ut. Pas wa der buten, of hy tocht oan de goeje ried fan syn mim en hy stiek de greep op syn jekkert. Dan koeë der'm tominsen net weibringe. Mar de lange, tsjokke tinen makken grouwe gatten yn syn goed.
En doe hy tueskoom, krigge hy schelden fan syn mim, omdat hy syn jekkert sò stikken makket hieë.
"Do hiest him achter dy oan slepe litte moatten," sei se, "dan hieë dyn kostlike jekkert net stikken wêrn, hwat hà ik noe wer in spil om 'm to maitjen."
"Dat is wear ik," sei Pieterke, "as it wer bêrt."
Snjoons ieten se by Pieterke altyd grauwe etten. En doe se sòhwat klear wànnen, tocht Pieterke syn mim: "Jonge noch tò! Us spek is op."
Dalik rôcht se Pieterke en sei tsjin him, dat er hêrd rinnende noch in poonspek halje moas.
"Net spylje onderwei, hear! want it iten is dalik gear."
Pieterke, dy hoenger hieë, roon as in kenyn nei de winkel en der krigge hy syn spek.
Mar doe hy wer buten stieë, tocht er: "Hwat hàt mim ik wer seid? O ja, ik moas 't achter my oanslepe litte."
Hy pakke gau in ein touw út syn bús en boon it spek der'oan en doe sleepte hy 't achter 'm oan, troch al it sân en smoarichhied hinne. Rinne, dat dy Pieterke dieë, om mar gau tues to wêzen, want hy rammele fan de hoenger. Mar noch hêrder dan Pieterke roon de hoeng fan syn borman. Dy krigge de rook fan Pieterkes spek yn 'e noas, en hap, hap, der gingen in pear stikken út it spek. En doe gúlje, want der scoë hwat opsitte. En gyn spek by de grauwe etten.
Mim koom op it gúljen oanrinnen en sei: "Wer gulest om, hat in hoeng dy biten? — Mar wer is it spek?"
En doe fortêlde Pieterke, hwat hy der mei dien hieë. Hwat wa syn mim dol, mar omdat hy so gule, koeë se hàst net op him schelde en sei: "Domme jonge, do hiest it op dyn hoole leze moatten, dan hieë de hoeng er ommers net by komme koeëd!"
"Dat is wear ik," sei Pieterke, "as it wer bêrt!"
Mar dy midje iet Pieterke de etten droech.
In wyk dirnei mocht Pieterke in pot mei stroop hàlje, omdat hy so graech soepenbry mei stroop leste. Mei it potje onder de earm ging er nei de winkel mei it plan om syn mim to freijen as hy syn naem tsjok yn 'e soepenbry schriuwe mocht.
It potsje wodde fol dien en Pieterke stapte de winkel út.
"Hwat hat mim de lêste kear ik wer seid, dat ik dwaen moas," sei Pieterke. "Op 'e hoole moas ik it sette, 't is wear ik."
Sò die Pieterke; mar omdat hy it potsje net heendal rjucht hou, roon de stroop 'm by syn klean del. Sòdwaende doarst Pieterke de keamer net yn to gean, mar kromp stil de solder op, sò bang wa hy fan syn mim.
Hja wachtte mar op Pieterke en sei: "Hwat bljûcht Pieterke lang wei. Scoë der hwat mei him wêze?"
Jo roon al nei de doar om to sjean of hjar jonge der hàst oan koom. Mar né, gin Pieterke. Doe rocht se, want se tocht: meschien is hy wol mei de oare jongens oan it spyljen.
Op 't lêst worde se sò ongerust, dat se it heel hues troch socht. Hy koeë hàst net op solder wêze, want der wa it so stil as in mues. Mar Pieterke wa der wol! Hy wa yn it grette fêrefet krompen.
Mim rocht ide kear mar: "Pieterke ljeau, werbiste?"
Op it lêst koeë Pieterke it net mear úthâlde. Hy sprong út it fet en sei: "Kúklekú," want alle fêren wannen oan de stroop fêst kleefd en doe like Pieterke krek in grouwe hoane.
Hwat schrok syn mim, jo koeë him net ienris.
En doe Pieterke sei: "Mim, ik bin it," wa se sò bly, dat se heendal forgaet him schelden to jaen. Mar se liet Pieterke noait mear boadschippen dwaen.
(Noord-Holland, Terschelling; in 1900 opgetekend; vgl. F.R. in Schylgerlaner Leisboek, blz.10-12)

Onderwerp

AT 1696 - "What Should I have Said (Done)?"    AT 1696 - "What Should I have Said (Done)?"   

ATU 1696    ATU 1696   

Beschrijving

Een jongen gaat voor zijn moeder een stopnaald halen in de winkel. Hij stopt de naald in een hooiberg opdat de naald niet op de grond valt. Als hij thuiskomt zegt zijn moeder dat hij de naald op zijn jas had moeten steken. Bij de volgende boodschap herinnert hij zich de woorden van zijn moeder en steekt een ijzeren greep door zijn jas. Zijn moeder zegt dat hij die achter zich aan had moeten laten slepen. Ook dit onthoudt hij weer en past de raad toe als hij voor zijn moeder een spek moet kopen; deze sleept hij achter zich aan naar huis. De spek wordt onderwijl opgegeten. Zijn moeder zegt hem dat hij de spek boven zijn hoofd had moeten houden. Dit doet de jongen dus de volgende keer. Hij moet nu echter geen spek halen, maar zijn moeder heeft hem gevraagd een pot stroop te kopen! De stroop loopt langs zijn hoofd naar beneden. Uit angst voor de reactie van zijn moeder verstopt hij zich op zolder in een vat met veren. Als zijn moeder hem eindelijk heeft gevonden is ze zo blij dat ze vergeet om kwaad te worden. De jongen hoeft nooit meer boodschappen te doen.

Bron

J.R.W. Sinninghe: Vijftig Nederlandse Sprookjes, Amsterdam 1942, p. 54-56

Commentaar

1900
Noord-Holland, Terschelling; in 1900 opgetekend; vgl. F.R. in Schylgerlaner Leisboek, blz.10-12
"What Should I have Said (Done)?"

Naam Overig in Tekst

Pieterke    Pieterke   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20