Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

ABIJMA07

Een sprookje (tijdschriftartikel), 1950

Hoofdtekst

Der wie ris in jager, dy gyng út jeijen. Midden yn 'e bosk seach er in húske stean. Hy der hinne om in slok drinken. Twa bern sieten der yn 'e keamer, in jonge en in fanke. It fanke skriemde.
De jager frege oan 'e jonge, hwer't syn heit wie.
De jonge sei: "Dy is oan it jeijen, mar hoe mear 't er fangt, mei hoe minder komt er thús."
De jager bigreep dêr neat fan, mar de jonge lei him de saek net út.
Doe frege de jager: "Hwer is jimme mem?"
"Mem is fuort om skea of skande," sei de jonge.
Dat forstie de jager allike min.
Doe op 't lêst frege er: "Hwerom lit dyn suster sa'n triennen?"
"Myn suster skriemt dêr't se earst om lake hat."
De jager tochte, der sit wol hwat yn dy jonge en omt hy sels gjin bern hie, frege er him oft er by him komme woe to wenjen. Mar dan moast er ek útein dwaen fan syn riedseleftige antwurden.
Dat wie goed: syn heit wie der op út gien om op in plakje yn 'e bosk de luzen út it himd to fangen. Hoe mear hy dus fong, mei nammensto minder kaem hy thús.
Syn mem hie kofjebeane liend en brocht dy nou wer to plak. Wienen it minder as dat hja liend hie dan wie dat foar har in skande, wienen it mear, dan skea.
Syn suster, dy hie forkearing hawn, tige nei't sin, mar nou hie de feint har sitte litten. Sadwaende skriemde hja om itjinge hja earst lake hie.
De jager naem de jonge mei nei syn hûs ta. De jonge hie it dêr as smoarge beane, mar it wie in raren ûnbisnoeiden knaep, dy't der suver gjin fatsoen op nei hâldde.
De jager liet him syn tûn sjen. 't Wie yn 'e tiid fan 'e ierdbeijen en hy mocht der krekt safolle fan ite as er mar woe. Mar der groeide ien frucht, sa kostlik moai, dat de jager sei: "Dêr moatst ôfbliuwe, dy wol ik myn wiif ta ha," en hy smiet syn hoed der oer hinne.
Mar doe't de jager de fuotten lichte hie, tilde de jonge de hoed op en de sappige frucht bidarre yn syn mûle. De ûnfatsoen die der hwat foar yn 't plak, dat lang net lekker wie en dêr kaem de hoed wer oerhinne.
O, hwat seach de frou raer, doe't se efkes op oantrúnjen fan har man de frucht helje soe! Dit roun fier oer de hege skuon. De jonge moast ris fiks ûnder hannen nomd wurde.
De jager skreau in brief, dêr moast de jonge mei nei stêd ta; it adres stie der op. Mar de goochemert wist it slúfke iepen to krijen en lies de ynhâld.
Der stie yn, dat dejinge, dy't it brief brocht omraek omseame wurde. De jonge plakt it slúfke wer ticht en jowt him ôf nei de stêd.
Dêr sjocht er in joad. Hy seit: "Hawwe jo ek hwat to dwaen?" "Né," andere dy. "Nou," forfettet de jonge, "jo kinne in goune fortsjinje. Dan moatte jo dizze brief toplak bringe en op it andert wachtsje. Sels haw ik it net oan tiid."
De joad gong mei it brief op stap en foel sa yn 'e hannen fan 'e boal, dy't him it wân joech, dat de jonge fortsjinne hie.
De jonge socht de jager wer op en wie tonei better to brûken.
(Hamsterheide)
Opgetekend: vóór 1950

Onderwerp

AT 0921 - The king and the peasant's son    AT 0921 - The king and the peasant's son   

ATU 0921    ATU 0921   

Beschrijving

Jongen geeft raadselachtige antwoorden op vragen waar zijn ouders zijn en waarom zijn zuster huilt. Na het geven van de oplossing gaat hij met de jager mee. Als hij de aardbei die voor de vrouw van de jager is bestemd opeet, moet hij een brief naar iemand brengen. De jongen opent de envelop, leest dat hij een pak slaag moet krijgen, en vraagt na de envelop weer te hebben gesloten iemand anders de brief te brengen. Hij gaat weer naar de jager en gedraagt zich daarna beter.

Bron

Dam Jaarsma. Folksforhalen. It Heitelân 28 (1950), p. 81

Commentaar

[1950]
The king and the peasant's son & VDK 0921J* De brutale jongen en de heer; AT 1528 Holding down the hat

Naam Overig in Tekst

Jood    Jood   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20