Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

ABIJMA20

Een sprookje (), 1940 - 1949

Hoofdtekst

Der kaem ris op in joun in frouminske by in boer en boerinne, dy't op in iensum sté wennen, gâns in ein út 'e reek fan it doarp. Hja frege oft hja dêr dy nacht útfanhûzje mocht, hwant hja wie sa wurch as in maits en koe de iene foet hast net mear foar de oare krije. It stiek har neat net nau hwer't hja kaem te sliepen, as wie it ek yn it heafek.
De boer bipraette it mei syn wiif, mar dy hie in meilydsum aerd, dat it minske koe ûnderdak krije foar de nacht. Hja siet al ringen by de kachel mei in brieder yn 'e stove.
Noch mar in lyts skoftsje hie hja dêr sa sitten of der waerd wer op 'e doar kloppe. Dat wie in soldaet, dy't ynkertiering ha moast. Dy koe de boer ek al net bêst búten staen litte.
"Wy ha hjir ek al in frouminsk, dy't hjir graech oernachtsje woe." En de boer wiisde nei it minske by de kachel.
Hja rekken yn in drok petear mei elkoarren oer it soldatelibben, de buorkerije ensfh. Doe't it njonkenlytsen letter oan waerd en tiid fan op bêd, en de boer oerein gong to ôfljochtsjen, folge de soldaet him.
"Ik moat efkes in ûnderhâld mei jo allinne ha, boer. Ik woe jo dit mar sizze, dy't dêr yn 'e keamer by de kachel sit, dat is net in frouminsk, mar in keardel. En ik kin it jo biwize èk. Ha jo apels?"
De boer knikte.
"Moai," forfette de soldaet, "as jo ús aenst ien foar ien in apel tasmite, dan docht in man by it opheinen de knibbels nei elkoar ta, mar in frouminsk heint him op mei de knibbels fan elkoar. Tink der mar ris om, hoe't hja de apel aenst opheint."
De boer helle in mannich apels út 'e gielgoerde en smiet se de oaren ien foar ien ta. En it kaem út lyk as de soldaet foarsein hie, it "minske" die de knibbels nei elkoar ta.
It "minske" woe graech witte, hwer't de soldaet de nacht trochbringe soe.
"O," sei dy, "ik jow my del by it hynder yn it hynstehok."
De soldaet makke doe mei de boer in strieën poppe en dy setten se skean by de muorre op yn it hynstehok.
"Lit fierder alles mar oan my oer," sei de soldaet, "mar bliuw wekker."
Sa sein, sa dien en de soldaet klattere by it ljedderke op en forskûle him op 'e souder boppe it hynstehok.
It bleau in hiel set stil, mar doe't dan alles yn rêst like to wêzen, kaem it minske - nou as man - der hoeden oanstappen, rjocht op 'e hynstestâl ta mei de revolver yn 'e hân. Mei-iens skeat er it ôf op 'e striepoppe. "Dat is ien," sei er, yn 'e miening, dat er de soldaet rekke hie. Mar dy hie syn gewear al laden en fuort dêrnei wie it: Pats! "Dat is twa," sei de soldaet, en dêr lei de moardner.
(Bron: Dam Jaarsma: `Folksforhalen', in: It Heitelân 28 (1950), p.82-83. Opgetekend vóór 1950)

Onderwerp

VDK 0958G* - De appelvangproef    VDK 0958G* - De appelvangproef   

ATU 0958F*    ATU 0958F*   

sinVDK 0958G* - Die Fangprobe    sinVDK 0958G* - Die Fangprobe   

Beschrijving

Een vrouw vraagt overnachting op een boerderij. Later vraagt ook een soldaat om onderdak. De soldaat waarschuwt de boer en boerin dat de vrouw eigenlijk een verklede man is. Om de proef op de som te nemen moet de boer de vrouw een appel toewerpen. De vrouw doet bij het vangen haar knieën bij elkaar zoals een man, en vergroot niet als een vrouw de schoot door de knieën uiteen te doen. In de paardenstal, waar de soldaat zou slapen, leggen boer, boerin en soldaat een stropop neer. De soldaat verbergt zich met zijn geweer op de zolder. 's Nachts komt de vrouw nu als man met een pistool de stal in en schiet op de stropop. Hierop schiet de soldaat de moordenaar dood.

Bron

Dam Jaarsma: `Folksforhalen', in: It Heitelân 28 (1950), p.82-83.

Commentaar

vóór 1950
De appelvangproef

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20