Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

ABIJMA30 - It diamanten krús

Een mop (tijdschriftartikel), 1945 - 1954

Hoofdtekst

It diamanten krús
De Roomske keizer wie ris op jacht. Mar ûnderweis tôget er yn 'e bosk in gouden krûs wei, dat mei kostbere ealstiennen ynlein wie. De man wie suver ridderslein. Dit krús wie in djûr erfstik, dat ieuwenlang fan heit op soan oergien wie.
Hy liet troch in stikmannich herauten bikend meitsje, dat dejinge, dy't it krús foun en it him wer brochte, dy soe in winsk dwaen meije.
Nou wenne der oan 'e seame fan 'e bosk, dêr't de keizer efter de patrizen oan sitten hie, in earme hiersboer, dy't it dêr net meitsje koe. Syn lânhearre wie tige deun en helle him it bloed ûnder 'e neilen wei.
Dy hiersboer foun it krús. Dat krige de lânhearre to hearren. Hwat dy to dwaen hie, dy reizge mei tûzen haesten nei it boerke ta en frege him, hwat hy der foar ha woe. Hwant in winsk to dwaen by de keizer, jonge, dat lake him sa ta.
De hiersboer tochte, nou sil de bûter jild jilde en sei: "Jo kinne myn winsk wol krije, mits jo my de plaets ôfsteane, dêr't ik op buorkje en deselde, dy't josels bibuorkje."
"Gek bin 'k noch net," sei er, "dû kinst allinne de pleats krije, dyst' fan my yn 'e hier hast."
De hiersboer lykwols gyng dêr net mei akkoard. De oare deis reizge er mei it sieraed nei 't paleis ta. De lju fan it paleis wienen mei syn boadskip op 'e hichte en de earste skyldwacht woe him net passearje litte, of hy moast in diel fan syn winsk oan him ôfstean.
De boer ûnthiet it him.
Mei de twade skyldwacht, dy't in eintsje fierder stie, wie 't fan itselde lekken in pakje. De boer sei: "Goed, jo sille jou part fan 'e winsk ha."
Einlings en to'n lêsten forskynde ús boer foar de keizer. Dy wie alhiel út 'e skroeven, doe't er syn krús wer seach. "Kom mar mei jo winsk op 'e lappen," rôp er de boer ta.
"Dit is myn winsk. Dejingen, dy't hjir by jo forskine om harren part der fan op to easkjen, jow dyselden elts 25 fikse swypslaggen."
De keizer seach forheard, mar goed, as de boer dat winske, soe 't net oergean. Sa praetten se ôf. Doe helle de boer in notaris op en stapte dêrmei nei syn lânhearre ta.
"Nou haw ik myn winsk sein," sa bigoun er tsjin 'e lânhearre. "Hwat jowe jo der foar?"
"De plaets, dêrstû op wenneste," andere dy.
"Jowes der noch by," easke de hiersboer.
Nei lang hinne-en-wer-gepraet joech de lânhearre op it lêst ta. De notaris beskreau de saek en sa waerd ús boerke samar ynienen eigner fan twa pleatsen.
De oare moarns bijoech de lânhearre him nei de keizer om syn diel fan 'e winsk op to heljen. Mar o, hwat seach er op syn noas, doe't er mei 25 stokslaggen ôfsâlte waerd!
Mei de twa bigearige skylswachten gyng it krekt allyk. Dy raesden fan pine tidens it slaen.
Mar it boerke hie de bût binnen en lake yn syn fûstje.
(Bron: Dam Jaarsma: Teltsjes út 'e Fryske Wâlden fan Anders Bijma', in: It Heitelân 33 (1955), p.4)

Onderwerp

AT 1610 - To Divide Presents and Strokes    AT 1610 - To Divide Presents and Strokes   

ATU 1610    ATU 1610   

Beschrijving

De keizer verliest tijdens de jacht een kruis, een duur erfstuk. Hij belooft dat de vinder een wens mag doen. Een arme boer vindt het kruis. De landeigenaar krijgt er lucht van en vraagt de boer wat hij voor de wens wil hebben. De boer vraagt de boerderij en die van de landeigenaar in eigen bezit. De landeigenaar vindt deze prijs te hoog. Daarop gaat de boer naar het paleis. Twee paleiswachten, die van zijn komst op de hoogte zijn, willen hem pas doorlaten, als zij in de wens mogen delen. Dan geeft de boer het kruis aan de keizer. Hij wenst dat ieder die zijn deel van de opbrengst komt opeisen vijfentwintig zweepslagen krijgt. Dan gaat de boer met een notaris naar de landeigenaar. Deze is uiteindelijk bereid om de twee boerderijen aan de boer af te staan in ruil voor de wens. In het paleis krijgt de landheer, net als de schildwachten, de gewenste zweepslagen.

Bron

Dam Jaarsma: Teltsjes út 'e Fryske Wâlden fan Anders Bijma', in: It Heitelân 33 (1955), p.4

Commentaar

voor 1955
To Divide Presents and Strokes

Naam Overig in Tekst

Roomse keizer [Roomskoning]    Roomse keizer [Roomskoning]   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20