Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE012 - De reus mei ien each

Een sprookje (boek), woensdag 10 november 1976

Hoofdtekst

De reus mei ien each
Der wie in foarnaam man, dy woe de seeën ris ferkenne. Hy wie earne op see, doe kaam der in swiere stoarm opsetten. It skip fergong, mar hy en syn bemanning koenen noch op in eilân komme. Se seinen tsjininoar: 'Wy hoopje mar, dat hjir minsken wenje'. Mar doe seagen se dêr in keppel skiep rinnen. De kaptein - sa sil ik dy foarname hear mar neame - sei: 'Dat treft, mannen - dêr't skiep binne, hâlde grif ek minsken ta. Dat kin net misse'.
Hy hie it noch net sein, of dêr hearden se in ôfgryslik laitsjen. Ja, earst hienen se der net iens erch yn, dat it laitsjen wie - se tochten, it tongert, sa gong it der om wei.
Doe ynienen dêr stie in almachtigen grutte reus flak foar har. In reus mei ien each. Dat se stjerrende benaud wienen kin men fan tinken wol ha. Mar doe foel it harren net ôf, want de reus sei, op syn manier net ûnfreonlik: 'Mar jimme moatte ûnderdak ha. Kom mar mei - ik sil goed op jim passe; jim sille it skoan by my ha'.
Hy naam har mei nei in soarte fan hoale yn 'e rotsen. Dêr siet in hiele grutte hikke foar, dat se koenen der net yn. Dy hikke wie ek sa swier, dêr wie, hoe machtich as se ek wienen, gjin ferwrikken of fertillen foar har oan, mar doe stapte de reus nei foaren en dy die him samar foar har iepen.
Se gongen der yn en de reus slachte in grou skiep, dêr't se meiïnoar fan ieten. Dat foel harren neat ôf. Mar doe sieten se dêr. Se koenen gjin kant út - dy grutte hikke siet wer foar de útgong. Se koenen der net troch en der net oerhinne.
It sin fan 'e reus waard dêr njonkenlytsen net better op. Hy wie wiis mei syn skiep en no begrutte it him, dat er ien miste. Sels hie hy der fierwei it measte fan opfretten, mar hy sei: 'Jim ha myn skiep opiten, aansen is 't safier, dat ik jim opyt'.
'Dit liket slim, mannen', sei de oanfierder sunich tsjin syn maten, 'hoe komme wy hjir wer út?' Se wienen der glêd mei oan. Mar de reus hie ôfgryslik iten, dat hy joech him del en it duorre net lang, doe snoarke er, dat de mannen koenen harsels amper fersteanber meitsje. Se woenen ek net te lûd roppe, om him net wekker te meitsjen, mar se seinen al: 'Wy moatte sjen, dat wy him lytsman meitsje'.
Mar hoe? De oanfierder sneupte wat yn 'e hoale om en doe fûn er in grouwe peal. Hy betsjutte de oaren, dat se him helpe moasten om dy peal te fersjouwen. Doe leinen se dy peal mei de punt yn it grutte fjoer dat dêr yn 'e hoale brânde. 'Wat wolle jo dêrmei?' fregen de oaren him, mar hy sei: 'Stil mar!' want hy woe net ha, dat se tefolle praten. En doe't de punt fan 'e peal hielendal gleon wurden wie, flústerde er: 'As ik ja sis, krije wy meiïnoar dy peal op en wy stekke de reus yn ien kear dy gleone punt yn it each'.
De reus slepte sa bot, dat hy fernaam der neat fan, dat se mei de peal op him ta kamen, en doe mei ien set planten se him de peal yn it each. Men kin jin net foarstelle, hoe't dy reus oangong. Hy âlde sa bot, dat se wienen der beroerd fan. Se fleagen nei de hikke, mar dy koenen se mei gjin mooglikheid iepen krije.
De reus wie troch alles hinne; hy fleach stuitsjend en stroffeljend yn 'e hoale om, om de mannen te gripen en te fergriemen, mar mei't er blyn wie, koenen se him hyltyd wer ûntwike. Hy skopte tsjin de stiennene kanten fan 'e hoale oan, it rattele en boldere der oer, krekt as wie it swier waar. En de reus kjirme mar fan 'e pine. 'Foarsichtich, mannen, foarsichtich!' warskôge de kaptein, mar it wie krekt oft de reus nammenste skerper hearde, no't er neat mear seach. Hy hearde har en kaam wer op har oan en se hienen de grutste muoite om him út 'e kloeren te bliuwen. Se flústeren noch: 'As dy skiep der aansen út geane, dan moatte wy der op springe'. It wienen hiele grutte skiep, dy koenen bêst in man drage.
Mar sa snoad wie de reus ek wol, dy paste wol op. Earst hâlde er syn fee yn 'e hoale, mar doe't se neat oars mear dienen als bletterjen, fan 'e honger, doe die er de hikke in lyts bytsje iepen. Sels stie hy der by en hy liet se der ien foar ien út; hy paste wol op, dat der gjin man mei nei bûten slagge. Doe't it lêste skiep der troch wie, die er de hikke wer ticht. Jûns kamen de skiep út harsels wer foar de hoale. De hikke kaam wer yn 't kier en de skiep waarden ien foar ien ynlitten. Mar de reus paste wol op, dat der net in minske út kaam.
Dat hâlde sa in pear dagen oan. De mannen foelen hast fan harsels fan 'e honger en wienen yn tûzen gefaren, want nou en dan die reus wer in raam op ien fan harren. As er slepte, leinen se oer, hoe't se it ha soenen om der út te kommen. Wer wie it de kaptein, dy't op 't lêst rie wist. Hy hie wol sjoen dat de reus de skiep by it útlitten ien foar ien op 'e rêch betaaste, om te fielen, oft der ek in man op siet. Doe praten se ôf, se soenen elk in skiep ûnder de bealich hingjen gean. It wienen grutte sterke dieren en se wienen al oan harren wend, dat de oare moarns doe slagge harren dat allegearre en sa kamen se der út, sûnder dat de reus wat fernaam.
Stil as mûzen slûpten se nei de kust. Sa goed en sa kwea as it gong, bouden se dêr fan oanspield wrakhout in flot. It die de reus nij, dat it sa stil wie yn 'e hoale en op 't lêst krige er foar it forstân, dat er syn gefangenen kwyt wie. Doe joech er him foar 't earst, sûnt er neat mear sjen koe, út 'e hoale. It paad nei de see wist er wol, dat koe er blynseach wol fine.
It flot wie krekt klear en doe't se de reus oankommen seagen, gongen se hastich oan board. Se stieken fan wâl en doe't se bûten syn berik wienen, laken se de reus út. Hy tocht, dêr binne se! Te fluch en te fier die er syn lêste stappen nei foaren. Hy kaam te stroffeljen en dêr trudele er yn 'e see! It wie ôfgryslik, sokke baren as der kamen, doe't er dêr yn it wetter ompolske; de see wie der oerstjoer fan en it lûd fan syn gebalt en ge-âl rôle en die sa hinne en wer, tusken de hege rotsen fan dy ynhammen, dat it wie oft de wrâld fergean soe. En as dêr hjoed de dei in stoarm op dy kust stiet, dan moat it ferdrinken fan dy bline reus dêr noch te sjen en te hearren wêze.

Onderwerp

AT 1137 - The Ogre Blinded (Polyphemus)    AT 1137 - The Ogre Blinded (Polyphemus)   

ATU 1137    ATU 1137   

Beschrijving

Een kapitein en zijn bemanning lijden schipbreuk. Ze stranden op een eiland. Op het eiland komen ze een reus met één oog tegen die hen meeneemt naar zijn woning in de rotsen. Daar aangekomen worden ze gevangen genomen door de reus. De mannen beramen een plan en voeren dit uit. Ze steken een gloeiend hete paalpunt in het oog van de slapende reus. De blinde reus merkt niet dat de mannen onder de schapen naar buiten weten te ontsnappen. Van wrakhout maken ze een vlot en varen weg. Toch doet de reus nog een laatste poging hen te vangen. Maar hij verdrinkt jammerlijk in de zee.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.], 1979, p. 25

Commentaar

10 november 1976
The Ogre Blinded (Polyphemus)

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20