Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ000107

Een sage (mondeling), zaterdag 13 november 1965

Hoofdtekst

Der wie ris in frou, dy har man wie frijmitselder. Sy woe har man dêr by wei ha. Dêrom gong se nei it gebou ta. Hja waerd der ynlitten en roan in gong troch en kaem yn in keammerke. Dêr die hja to witen hwat har bigear wie. Doe blyndoeken se har en dêrnei brochten se har fierder it gebou yn. Sy mocht neat sjen. Sy wist net, hwer't se lâns gong, mar sy hie it gefoel, dat it in gong wie. Yn in keamer dienen se har de blyndoek foarwei. Dêr stie in tafel yn dy keamer. Dêr leinen allegear portretten op.
Se fregen har: "Wolle jo jou man by de foriening wei ha? "
"Ja", andere se.
"Dan moatte jo út dizze portretten dat fan jou man útsykje."
Sy foun it al gau. "Dit is it", sei se.
Doe joegen se har in skerp ding.
"Dêrmei matte jo troch it portret hinne stekke." Hja die it. Mar doe't se thús kaem, wie har man in lyk.

Onderwerp

TM 2900 - Vrijmetselaars    TM 2900 - Vrijmetselaars   

Beschrijving

Een vrouw van een vrijmetselaar gaat naar het gebouw van de vrijmetselaars, want ze wil haar man daar weghalen. Ze wordt geblinddoekt door het gebopuw naar een kamer gebracht waar op tafel portretten liggen. Om haar man van de vroijmetselaars te bevrijden moet de vrouw het portret van haar man uitzoeken en met iets scherps steken. Als ze thuiskomt is haar man overleden.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1, verhaal 7 (Archief Meertens Instituut)

Commentaar

13 november 1965
Vrijmetselaars

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21