Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ001705

Een sage (mondeling), zaterdag 19 februari 1966

Hoofdtekst

Der siet yn 't slot to Aldegea in hiele protte jild.
De kisten sieten stiif fol mei gouden en sulveren dukaten. Dy kisten stienen yn 'e kelder. Dy't al dat jild sjen woe, moest der in dûbeltsje by smite.
Dy gouden en sulveren dukaten sieten op rigen yn 'e kisten en wol sa stiif, dat net ien koe se der útkrije. Mar elkenien mocht it bisykje. Dyselde dukaten, dy't men der út krije koe, mocht men hâlde, mar der hat noait ien west dy't safolle mâns wie.
Dat jild is allegear nei Ljouwert ta brocht woarn. Earst de iene helte. Sawn weinfollen rieden se dêrhinne. Mar ûnderweis sakke der in wein ynelkoar troch dat gewicht fan al dat goud en sulver.
Doe ha se de oare helte, dy't noch yn 'e kelder siet mei it beurtskip fan Welling nei Ljouwert ta bringe litten. Dat wie krekt in heale fracht.

Beschrijving

In een slot bij Aldegea staan kisten met geld. Als men het geld wil zien dan moet men een dubbeltje erbij gooien. Men heeft geprobeert om het geld met een wagen naar Leeuwarden te brengen, maar de wagen is kapot gegaan door het gewicht van het geld. Hierna heeft men het geld per schip vervoerd.

Bron

Collectie Jaarsma (archief Meertens Instituut), verslag 17, verhaal 5

Commentaar

19 februari 1966

Naam Locatie in Tekst

Aldegea    Aldegea   

Ljouwert (Leeuwarden)    Ljouwert (Leeuwarden)   

Welling    Welling   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21