Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE112a - Toverboeken

Een sage (boek), dinsdag 31 augustus 1976

Hoofdtekst

Toverboeken
Us memme pake, it wie in Gabe Kats, dy hie sokke boeken. Dêr siet in reade krúsbân om. Men moast se lêze fan efteren nei foaren. Men koe der fan alles mei útheve. As bygelyks ien dêr't se de pik op hienen der lâns kaam mei hynder-en-wein, dy lieten se samar stilstean. Sokke grappen hie oerpake dan wol ris. Mar op 't lêst kaam dy man te ferstjerren. 'Wat moatte wy no mei dy boeken?' fregen de bern har ôf. Mar ús pake dat wie in koppert—stiif. Stiif. En hy koe min mei syn beide susters. 'Jim rêde mar mei dy boeken; dat kin my allegear neat skille', sei er tsjin har.
Mar ja, sy koenen noait dy boeken kwyt wurde. Sy soenen se ferbrâne, mar dy boeken kamen altyd wer. Sy kamen altyd wer! 'No, ik sil wol ris komme', sei pake op 't lêst. Hy kaam. 'Ha jimme ek in arkje?' 'Jawol, wat wolst dan?' 'No, jimme koenen dy boeken net kwyt wurde, wol?' 'Nee'. 'Jou se my mar mei. Dan tocht ik net, dat se werkamen'.
Pake krige de boeken ûnder 'e earm en in arkje en hy gong nei 't tsjerkhôf ta en dêr begroef er se te hollenein fan syn heit. Mar doe kamen se net wer, hat ús mem my wol faak ferteld.

Onderwerp

SINSAG 0666 - Zauberer bannt an den Ort.    SINSAG 0666 - Zauberer bannt an den Ort.   

Beschrijving

Overgrootvader heeft toverboeken. Om die boeken zit kruislings een rode band, en je moet ze van achter naar voren lezen. Overgrootvader liet met die boeken paard en wagen stilstaan van iemand aan wie hij een hekel had. Nu overgrootvader dood is, willen de kinderen de boeken kwijt. Maar de boeken willen niet verdwijnen, zelfs verbranden helpt niet. De zoon van de overleden overgrootvader weet raad; hij neemt de boeken mee naar het kerkhof en begraaft ze aan het hoofdeinde van het graf van zijn vader. Daar blijven de boeken wel liggen.

Bron

Y.Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske Folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p.122-123

Commentaar

31 augustus 1976
Zauberer bannt an den Ort & SINSAG 0752 Zauberbuch kann nicht verbrannt oder weggegeben worden: Zauberer lässt es stehlen

Naam Overig in Tekst

Gabe Kats    Gabe Kats   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20