Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

VODA_014_10 - De turfgraver en it reidmantsje

Een sage (mondeling), juli 1976

Hoofdtekst

De turfgraver en it reidmantsje

Yn 'e sompen om Earnewâld hinne libben ek reidmantsjes. Doe't de turfmakkers hyltyd mear fean útbaggelen, moasten se al mar fierder tobek de wyldlannen yn. Sadwaende hawwe de reidmantsjes in like greate hekel oan 'e turfgravers as oan 'e reidsnijers en bisykje se altyd om har it libben sûr to meitsjen. Tusken de feangatten bleauwen stripen lân stean en op in kear foel in reidmantsje dat net swimme koe op sa'n hage of stripe yn 'e sliep. De turfmakkers eh stieken it lêste stik fan 'e feanwâl troch en it reidmantsje siet opsluten. Hy bigoun to roppen oan 'e oare reidmantsjes, mar de turfstekkers goaiden nei him mei feankluten en hy kroep wei yn 'e rûchte. Der wie in turfmakker dy tochte dat it reidmantsje wol ris goud en oare kostberheden op dy hage út 'e wei brocht hawwe koe en hy woe der wol ris sjen. De oaren warskouwen him, mar hy naem in oanrin om oer it gat to springen. Flak foar it gat stroffele er oer in beamwoartel, en ear't se him helpe koene wie er forsûpt.

De wyn helle oan en greate stikken fan 'e stripe bigounen ôf to diggeljen en foelen yn it petgat. It reidmantsje bigoun wer to roppen, mar der wie gjinien dy't him helpe woe. Ien jongkeardel lykwols krige echt meilijen mei it lytse mantsje dat troch har wurk sa dalik omkomme soe. Hy klaeide him út, en swom mei in turfkoer ûnder 'e earm oer it feangat. Op it hoekje hage dat oerbleaun wie sette er de koer del, die der hwat feankluten en reid yn en rôp: 'Reidmantsje, reidmantsje, kom mar!' Mei de koer boppe wetter is er weromswommen en oan 'e kant fan 'e reidfjilden hat er him delset sûnder hwat to freegjen en sûnder to bisykjen it reidmantsje to pakken to krijen.

Fan dy dei ôf gong alles him foar de wyn. Syn appelbeammen droegen altyd like folle, en syn túntsje levere iten by de rûs. It duorre net sa ma- mâlle lang, doe waerd er sels feanbaes. Hy kocht weinen en sels in skip to turffarren, en as wolsteld man is er op hege jierren stoarn.

Beschrijving

Omdat turfgravers het gebied van de rietmannetjes steeds kleiner maken, hebben de rietmannetjes een hekel aan hen. Op een dag probeerde een graver een mannetje te pakken, denkend dat deze een schat heeft. Deze turfgraver verdronk. Een ander wil het rietmannetje helpen, en zwemt naar hem toe. Vanaf die dag ging het de helpende graver goed.

Bron

Radio-uitzending Vonken onder de As (NOS)

Motief

Q2 - Kind and unkind.    Q2 - Kind and unkind.   

Q40 - Kindness rewarded.    Q40 - Kindness rewarded.   

Commentaar

Ype Poortinga leest voor uit 'It fleanend skip' (p. 235) met minieme wijzigingen. Hij leest voor in het Kleifries

Naam Overig in Tekst

Rietmannetje    Rietmannetje   

Naam Locatie in Tekst

Earnewâld [Eernewoude]    Earnewâld [Eernewoude]   

Plaats van Handelen

Eernewoude    Eernewoude