Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

VODA_014_11 - De man mei it blaubonte burd

Een sprookje (mondeling), juli 1976

Hoofdtekst

De man mei it blaubonte burd

Der wie ris in kening dy hie mar ien dochter. Har hier glânzge as goud, en elkenien sei dat se de moaiste fan 'e hiele wrâld wie. Trochdat it sa faek tsjin har sein waerd, tocht se dat se nou ek gjinien oars ha koe as de moaiste man fan 'e wrâld. Der kamen hûnderten dy't mei har trouwe woene, mar se stegere se allegear ôf. Op in kear kaem der in prins dy- 't kreazer wie as alle oaren. Hy wie ryk en hie in swart krol burd. Hy frege har hân en de kening ornearre dat se nou doch einlings ris witte moast hwat se woe. Kreazer as dizze soe se net fine kinne, tocht him. Mar de prinses lake en sei: 'As der binnen 't jier in man komt mei in blaubont burd en hy is tsien kear sa ryk as dizze prins dan trou ik mei dy, en oars nim ik dizze!'

Doe't de prinses in setsje letter foar it finster stie seach se in man mei in lang blaubont burd oer de binnenpleats riden op in gitswart hynder. Hy kaem foar de kening en frege om de prinses har hân. Se koe net mear né sizze, mar se woe al witte hoe ryk oft er wie. De prins mei it blaubonte burd sei, hy wist net hoe ryk oft er wie, hwant al soene ek tweintich man hjoed de dei bigjinne mei syn jild to tellen, dan soene se fan âlderdom stoarn wêze ear't se der mei klear wiene. De prinses sei dat er krekt mei in moanne werkomme mocht om har antwurd to heljen. Mar doe't er fuortried gong se him stikem efternei, om to sjen hwer't er wenne en oft er wol sa ryk wie.

Se ried dagen efter him oan en op it lêst kamen se oan in great kastiel yn in donkere bosk. De man mei it blaubonte burd ried de poarte troch en de prinses slûpte him in setsje letter nei. Omdat se net woe … dat se har weromkenne soene, hie se in lange mantel oanlutsen mei in kappe oer de holle. Der wie gjin minske to sjen, mar de kastielsdoar stie yn 't kier. Se fierde him iepen en seach in pappegaei stean. 'Hwer kin ik jo mei fan tsjinst wêze?' frege de pappegaei. 'O', sei it famke, 'ik kaem hjir tafallich lâns en woe ris efkes sjen. It is sa'n great kastiel. Hwa wennet hjir, as ik freegje mei?' 'Hjir wennet de rykste prins fan 'e hiele wrâld', sei de pappegaei: 'Syn namme kin ik jo net sizze - dy fortelt er allinnich mar oan 'e faem dêr't er mei trouwe sil, en dat is in prinses mei gouden hier. Alle oare minsken neame him Prins Blauburd. Mar hwat ik jo fortel is noch neat. Kom mar ris mei!'

Se gongen in doar troch en kamen yn in greate keamer, dy't fol stie mei sokke moaije meubelstikken as de prinses noch nea earder sjoen hie. 'Hwat in kostlike keamer', sei se, 'hjir soe ik wol wenje wolle!' De pappegaei antwurde: 'Hjir komt de prinses mei it gouden hier to wenjen, sadré't se mei de Prins Blauburd troud is. Mar dit is noch neat!'

Se gongen in doar troch en kamen yn in greate seal. Op in forheging stie in troan fan suver sulver en de stuollen leine fol mei klean fan satyn, side en flewiel. 'Hwat wondermoai.' sei de prinses. 'Dat sil de prinses mei gouden hier drage en op dy troan sil se sitte, sadré't se mei Prins Blauburd troud is', antwurde de pappegaei. 'Mar dit is noch neat!'

Se gongen in doar troch en kamen yn in steatlike kapelle. Midden yn 'e kapelle stie op twa skammels, mei flewiel der ûnder dat mei goud trochstikt wie, in deakiste fan suver goud en ynlein mei de greatste en moaiste edelstiennen. 'Dit is de moaiste deakiste dy't ik ea sjoen ha', sei de prinses. De pappegaei antwurde: 'Dy is der foar- dy is foar de prinses mei it gouden hier en dêr sil se deselde jounes dat se mei Prins Bau- Blauburd troud is al ynlizze. Mar dit is noch neat!'

De pappegaei woe fierder gean, mar de prinses sei dat se it net mear oan tiid hie. Se is as in wyld nei hûs flein en doe't Prins Blauburd kaem om har antwurd to heljen wie se al troud mei de prins mei it swart krol burd.

Onderwerp

ATU 0312    ATU 0312   

AT 0312 - The Giant-killer and his Dog (Bluebeard)    AT 0312 - The Giant-killer and his Dog (Bluebeard)   

Beschrijving

De koning heeft zijn enige dochter met haar gouden haar zo geprezen, dat zij in haar hoogmoed alle vrijers afwees. Ze wijst een goede man met een zwarte baard af, zeggend dat ze alleen met een man met een blauwe baard die vreselijk rijk is wil trouwen. Toen die kwam, sloop ze hem achterna om te zien of hij echt zo rijk was. In het kasteel laat een papegaai alle rijkdommen zien, die voor haar bestemd zijn. Dat eindigt met een prachtige doodskist in een kapel, waar ze dezelfde avond in zou liggen wanneer ze met Blauwbaard trouwt. Ze rent terug, en toen Blauwbaard om antwoord kwam vragen was ze al met een andere man, met een zwarte baard, getrouwd.

Bron

Radio-uitzending Vonken onder de As (NOS)

Commentaar

Ype Poortinga leest voor uit 'It fleanend skip' (p. 80-81) met minieme wijzigingen. Hij leest voor in het Kleifries

Naam Overig in Tekst

Blauburd [Blauwbaard]    Blauburd [Blauwbaard]