Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE117 - Fjouwerentweintich duvels yn in boat

Een sage (boek), dinsdag 18 oktober 1977

Hoofdtekst

Fjouwerentweintich duvels yn in boat
Ik fertel dit ferhaal, sa't ik it hjir te Iens as jonge heard haw. Us heit hat arbeider west op in pleats, dy stiet tusken de Ienzer hânwizer en de buorren. Ik hie wol ris heard, dat der duvels op dy pleats tahâlden hienen, mar ik wist net krekt it hoe en het. Ik tocht, dat is net sok moai folk. Hoe kinne se dat witte, de duvel is doch ûnsichtber? Ik twivele wakker. Mar doe wie der ris in âld man út it doarp, dy sei: 'Ja, nee, it is echt wier bard. Der hat him wat foardien—der wienen fjouwerentweintich duvels'.
'Ik ha altyd heard, dat der mar ien duvel is'.
'Nee', hy sei, 'der binne folle mear'. En doe kaam er mei it hiele ferhaal.
Leuwen Iyn wenne der op dyselde pleats in heareboer. Dat wie in foarnaam man. Hy hie in soad kij, in soad lân en in bulte jild. Hy hie ek hiele moaie dochters. Men kin begripe, dat dêr wol flecht op 'e koai kaam, doe't dy dochters de jierren hienen. Mar it wie de âldelju lang net likefolle, mei wa't se ferkearing krigen. It moast ek in bytsje passe. Dat is te sizzen, it moast neffens de stân en de sinten oerienkomme— de âldens bygelyks kaam der neat op oan, mar sa'n faam moast der yn besit net op efterútgean mei har trouwen. En doe wie der ien fan dy fammen, dy krige gedoente mei in earme jonge. Hy hie wat komelkerij, ek mar in pear kij, en hy moast it mei de hannen fertsjinje. Mar it fanke seach wat yn dy jonge en hy mocht har ek graach lije, Iykwols wat soenen har âlden sizze? Of eigentlik wisten se dat wol en de feint doarst dêr net iens oan hûs komme.
In hiel skoft hienen se temûk ferkearing en doe njonkenlytsen krige it fanke dêr har nocht fan. Se doarst der ek wol wêze en op in goeie dei sei se tsjin har âlden: 'Ik wol hjir altyd net op 'e pleats bliuwe en nearne ta nut wêze. Ik ha de jierren om wat oars'. 'Wat wolst dan?' En doe kaam it der dan út, op wa't se bestek hie. 'Hie 'k it net tocht!' rôp de heit—se hienen ek wol ris wat fernommen. 'Mar dat giet oer!'sei er ferheftich. 'Wêr ha 'k dat oan fertsjinne?' frege it fanke, 'wat ha jim op him tsjin?' 'No nee, neat, mar hy heart net ta ús stân'. 'Och, wat soe 't', sei de jongfaam, 'wat makket no stân út? Jimme ha dat jild, mar dêr ha jim neat foar dien, dat ha jim erfd'. No ja, mar sa wie de maatskippij no ienkear: 'Elk moat him by syn eigen soarte hâlde, oars krije wy sa'n rare wrâld'.
Mar it fanke joech gjin krimp. 'Dan gean ik fuort', sei se, 'ik nim him doch'. Sûnt dy dei gong se ek iepenlik mei him om en de feint doarst der no ek better foar út komme. De âldelju woenen dy dochter net kwyt en se woenen noch minder in iepenbier skandaal. Se joegen ta—hy moast har mar ha. Mar fansels, it gong net fan herten, en se seinen him Iyk yn 't gesicht, dat er as skoansoan net wolkom wie. De faam har mem wie it noch mear yn 'e wei as har heit, se hie it hert noch heger.
Mar de faam sette troch en it houlik stie foar de doar. Doe woenen de âldelju har net kenne litte: der soe in alderûnmeugendste grutte brulloft fan hâlden wurde. It jild wie gjin beswier foar de âld heareboer. By de bûtenwrâld gongen wol praatsjes, mar dy soenen se op sa'n manier de kop yndrukke. De foarname famyljes beaën by sokke gelegenheden ek wol ris wat tsjininoar op yn útwrydskens en oerdied.
Dat se hâlden dêr in brulloft, dy klonk as in klok. Hy duorre wol in deimannich; alle dagen in gastmiel, dêr't neat by skroomd waard. Elkenien koe dêr wol komme en folop sêd wurde. Mar de feint syn folk bleau wei. Wy binne dêr doch net wolkom, orneurren se.
Doe yn 't ôfrinnen fan 'e brulloft, op 'e middei, doe hie de Iytsfeint op dy hearepleats syn nocht wat. Ik bin doch net yn tel, fielde er wol, by al dat foarname folk. En hy hie hyltyd mar springe kind, fan helje my dit en bring my dat. Ik gean it fjild ris efkes yn, sei er tsjin himsels. Mar hy hie noch net iens mâle fier fuort west, doe kaam er yn 'e hûs rinnen. 'Dêr komt folk oan', rôp er, 'ik wit net, wat spul as dat is! Der komt in grutte boat de opfeart lâns, of in pream, in hiele frjemde boat, en dy boat is alhiel ferljochte, it liket suver in stik fjoer! En dêr sitte allegear minsken yn, mei hiele grutte hoarnen op 'e kop, en dat spul komt nei de pleats ta. Ja, ik ha 't dúdlik sjoen, hear!'
'Wêr binne se?' waard der frege.
'Se binne út 'e Boalserterfeart weikommen, en doe ûnder it tiltsje troch fearn. Hoefolle as der yn sitte, ik leau fan fjouwerentweintich. En dat kin noait goed folk wêze!'
Doe seinen de brullofters: 'Gekheid allegearre, dy jonge koe wol dronken wêze'. Mar de Iytsfeint rôp: 'Nee, nee. Jimme moatte sjen, jim moatte sjen. Kom der út, want se binne hjir omtrint al oan ta'. De gasten gongen bûtendoar en seagen op it efterhiem. En ja, se seagen dat skip foar har, it wie suver in grutte fjoerbol, en se hearden rare gelûden en seagen dêr dampen. 'Jamar', sy seinen, 'dit is ferkeard spul —dit binne duvels, dat kin net misse, en dy hawwe it op us fersjoen!' En de heareboer, dy wie alhiel fan 't sintrum. Hy tocht, soe it ek om my te rêden wêze? Omdat ik myn dochter dwerse kneppels smiten ha? Mar nee, dat kin oars ek net, want dêr hie ik it rjocht ta.
It joech in hiel trelit. Se burgen gau it itensspul en de drank op. 'Der hinget ús in rear ding boppe de holle', seinen se, 'as se ús sa trappeare, dat wy der hjir sa rij yn lâns geane . . .' Dat se krûpten safolle mooglik út'e wei, en njonkenlytsen, miskien in healoere letter, kamen se wer foar't Ijocht. Fan dy pream en dy duvels wie neat mear te sjen. De Iytsfeint kaam der ek by. Hy sei: 'Ik ha it wol sjoen. Doe't jim bang wienen, bin ik bûtendoar stean bleaun te sjen. Se binne de hichte yn gongen. In hiele grutte reekwolk—fan dy gielige dampen, it liken wol sweveldampen. De hiele pream is opnommen en se binne wei'.
De duvels wienen fuort, mar de rjochte brulloftswille allyksa. Dat de gasten joegen har ôf nei hûs. De heareboer koe it net by him wei krije. 'It hat grif om my te rêden west', sei er tsjin 'e frou. 'Dan hat dat in warskôging foar us west', sei se, 'wy hawwe mear dochters, wy moatte har har eigen frije wil litte yn it houlik. Dat is har rjocht'.

Beschrijving

Een rijke herenboer heeft een paar mooie dochters. Wanneer één van zijn dochters met een arme man wil trouwen, zijn haar vader en moeder het er niet mee eens. De dochter trouwt toch met hem, en de vader besluit een groot feest te geven. De bruidegom gaat tijdens het feest naar buiten en ziet dan een helverlichte boot met vierentwintig duivels erin. De bruidegom waarschuwt de gasten, en iedereen verbergt zich. De bruidegom blijft kijken en ziet dat de boot de lucht in verdwijnt en een hoop zwaveldamp en rook achterlaat. De vader van de bruid is ervan overtuigd dat het een waarschuwing is dat hij zijn dochters niet meer dwars moet zitten.

Bron

Y.Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske Folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p. 127-130

Commentaar

18 oktober 1977

Naam Locatie in Tekst

Boalserterfeart (Bolwardse Vaart)    Boalserterfeart (Bolwardse Vaart)   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20