Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE124 - It fersteurde skatlichten

Een sage (boek), maandag 08 januari 1973

Hoofdtekst

It fersteurde skatlichten
Wêr't de âlde trambrêge oer de Kompanjonsfeart lei — der rint no in nije dyk by lâns fan Wynjeterp nei Donkerbroek — dêr leit oan 'e rjochterkant in Iyts boskje mei in dobbe der yn. Ik miende, dat it mei de ruilferkaveling bewarre bleaun is. Op âlde kaarten en ek yn 'e Schotanus-atlas stiet op dat plak: Bonifacius Capelle.
Iksels ha dy dobbe ek wol ris besjoen, omdat ik der ferhalen oer heard hie.
De hjitting wie, dêr siet in pot of in amer mei jild ûnder yn dy dobbe. Foar en nei hienen ferskate minsken dwaande west om dat der út te krijen, mar it wie sa freeslike swier, dat it slagge noait.
Op in kear — it is wit- ende withoelang Iyn — wienen der in pear mannen oer gear en dy hienen in wizebeam of pontsjer oer dy put hinne lizzen. In jonge dy't dûke koe hie dêrûnder in tou fêstmakke oan dy pot of wat dêr mar wie.
Se wienen al in hiel ein hinne mei it lichten, doe kaam dêr flak njonken har in koets oan riden. It wie deftich spul, dat wie doe hiel wat besûnders foar dy hoeke. Twa wite hynders draafden der foar, it spul ried de kant fan it Hearrenfean út, foarsafier't dan Hearrenfean yn dy tiid al bestie. Se seagen de koets nei en se wienen poernijsgjirrich wat spul as dat wie, mar by it lichten fan in skat mei net praat wurde, dat se takelen fierder, en de wizebeam begûn al in bytsje troch te bûgen.
It stee dêr't dy dobbe yn is leit wat heech, men hat in goed eachweid dêrfandinne, en doe seagen se in man oankommen op dat pa of dy sândyk en dy man kreupele. Doe't er besiden har wie, sa'n meter of tweintich, fiifentweintich fan har ôf, rôp er: 'Ha jim hjir ek in koets lâns kommen sjoen?'
Dy mannen by de dobbe mochten neat sizze, mar ien knikte doch mei de holle. Doe frege dy man: 'Soe'k him noch ynhelje kinne?' De mannen dy't mei alle macht oan it tou loeken, seagen krekt de boppekant fan 'e grutte pot. Se wisten dat dit it wie wêr't se al sa lang om sochten. Se koenen der gjin fersteuring by ha. Dat ien fan harren waard koart en dy rôp werom: 'Do brykpoat, dat hellesto noait!' En mei dat er dy wurden sei, knapte de wizebeam midstwa en de hiele saak foel wer nei ûnderen. Dizze mannen, noch wa ek letter, hat oait wer dat jild krije kinnen.

Onderwerp

SINSAG 1267 - Das zugeschüttete Loch.    SINSAG 1267 - Das zugeschüttete Loch.   

Beschrijving

Mannen die bezig zijn een schat op te graven houden zich ondanks hun nieuwsgierigheid stil als een koets voorbij rijdt. Op het moment dat de pot met geld bijna boven is praat één van de mannen, waarop de pot weer naar beneden valt.

Bron

Y.Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske Folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p. 133-135

Commentaar

8 januari 1973
Das zugeschüttete Loch.

Naam Overig in Tekst

Wijneterp    Wijneterp   

Bonifatiuskapel    Bonifatiuskapel   

Schotanus    Schotanus   

Naam Locatie in Tekst

Kompanjonsfeart    Kompanjonsfeart   

Compagnonsvaart    Compagnonsvaart   

Wynjeterp    Wynjeterp   

Donkerbroek    Donkerbroek   

Bonifatius Capelle    Bonifatius Capelle   

Heerenveen    Heerenveen   

Hearrenfean    Hearrenfean   

Plaats van Handelen

Hoornsterzwaag    Hoornsterzwaag   

Kloekenummer in tekst

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20