Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE162a - De smid spoeket om oare misdieden

Een sage (boek), winter 1979

Hoofdtekst

De smid spocket om oare misdieden

Dêr hat foar lange âlde tiden
In smid te Earnewâlde west,
Dy wezen útsûgd hie 'n útriden;
No hat er yn it grêf nin rêst.

Eeltsje Halbertsma

It ferhaal fan 'De Fryske bruorremoard', sa't it fan it lange dichtstik út 1882 fan Sikke Koldyk ôf hjir en dêr yn literatuer foarkomt, in moard dêr't de ûndergong fan 'e âlde stêd Warten mei anneks is, komt men ûnder it folk net tsjin. De iennichste ferteller dy't it meidiele koe, hie it earne lêzen, hy wist net mear wêre.
'Mar', seit er, 'foardat ik dat ferhaal lêzen hie, hie ik wol fan'e moard troch de smid op syn broer heard. Mar dêr waard dan hielendal net by ferteld, dat it guon út it skaai fan Redbad wienen en dat it mei de ûndergong fan Wartnastêd te meitsjen hie.
Wat ik fertellen heard hie, dat haw ik sa begrepen, dat de smid fan Earnewâld syn broer deaslein hat en dat him dat sa'n ûnfrede jûn hat, dat syn geast dêr altyd noch omwaret, en alle mooglike ûnheil útrjochtet' (D.S.).



Beschrijving

De smid van Eernewoude heeft zijn broer vermoord. Dit heeft hem (de smid) zo'n onvrede gegeven dat zijn geest nog altijd rondwaart en onheil aanricht.

Bron

Y. Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske Folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p. 186

Commentaar

winter 1978-'79

Naam Overig in Tekst

'De Fryske bruorrenmoard'    'De Fryske bruorrenmoard'   

Redbad    Redbad   

Wartnastêd    Wartnastêd   

Eeltsje Halbertsma    Eeltsje Halbertsma   

Naam Locatie in Tekst

Earnewâld [Eernewoude]    Earnewâld [Eernewoude]   

Sikke Koldyk    Sikke Koldyk   

Warten [Wartena]    Warten [Wartena]   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20