Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE164 - De fiskersdochter

Een sage (boek), winter 1979

Hoofdtekst

De fiskersdochter

Mar jammer is it om te hearren
Hoe dat in famke, earme sloof,
Troch dat ferskynsel kaam te stjerren
En 't offer waard fan 't bygeloof.

Eeltsje Halbertsma

It ferhaal fan 'e dochter fan 'e fisker Auke Douwes Feenstra, dy't sa't it hiet de Man seach en in pear dagen letter ferstoar, is oerbekend. It hat yn achttjinhûndert trijeënfjirtich west. Dat dit foarfal yn 'e âlde Foanejacht, en net yn 'e Langesleatten, pleats hie, fertelt Freark Helffrich al yn 1890. Van der Molen hat it letter ek in kear sa opheind. Inkele fertellers witte dat no ek noch mei te dielen. It wie by 'de tynje' (tichtset), dy't der wie by de sânige ûndjipte yn dit wetter en dy't de boeren in 'rid' en de skippers in'drompel'neamden. Ien fan ús fertellers einiget sa: 'En dêrom waard der by ús ek sein: Jo kinne iderien oersette, mar noait de Langsleatter man' (S. de B.). Wy jouwe hjir mar ien tekst; dy fan in âld skippersfeint:
'Dat spoek fan Earnewâld dêr wienen ferskillende lêzingen oer. Der wienen guon, dy fertelden, dat in f~skersdochter op in jûn by it tichtset fan har heit oppasse moast. Se leinen dêr mei de aak. Heit wie fuort en as er weromkaam, dan moast sy him even oerbelje.
It wie wat let wurden, it wie hast nacht, en ja, doe hearde se wat. Se tocht, ik moat der gau hinne, dat se sette mei de boat oer, mar doe't se dêr kaam, doe stie dêr ynienen yn pleats fan har heit in spoek. Dêr is se sa kjel fan wurden, dat se rekke werom, mar neitiid hat se net presiis fertelle kinnen, hoe't it spoek der út seach. Likegoed hat it har de dea dien.
Dat ferhaal gyng frijwat húsriem yn dy streken en benammen ûnder fiskers en skippers. Lettertiden, doe't dy h iele spoekeboel der wat út gyng, hienen se der meast de gek mei, en ik ha noait ien troffen of heard dy't sei, persoanlik haw ik dat spoek sjoen' (H.W.).

Beschrijving

Een vissersdochter moet op een avond op de aak van haar vader (die even weg is) passen. Als hij terugkomt, moet ze hem overzetten. Als ze laat die avond geluid hoort, denkt ze dat haar vader teruggekomen is. Als ze naar hem toe gaat, blijkt het echter het spook van Eernewoude te zijn. Ze schrikt en gaat gauw weer terug. Uiteindelijk is ze van de schrik gestorven.

Bron

Y. Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske Folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p. 188

Commentaar

winter 1978-'79

Naam Overig in Tekst

Eeltsje Halbertsma    Eeltsje Halbertsma   

Auke Douwes Feenstra    Auke Douwes Feenstra   

Foanejacht    Foanejacht   

Langesleatten [Langesloten]    Langesleatten [Langesloten]   

Van der Molen    Van der Molen   

Freark Helffrich    Freark Helffrich   

Langesleatter man    Langesleatter man   

Naam Locatie in Tekst

Man    Man   

Earnewâld [Eernewoude]    Earnewâld [Eernewoude]   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20