Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE165a - It spoek makket mear slachtoffers

Een sage (boek), winter 1979

Hoofdtekst

It spoek makket mear slachtoffers

No is 't geloof dêr jitte grutter
Oan't spoeksel fan de nacht,
En ivich hâldt jit by dy sleat om
Dy âlde smid dêr wacht.

Eeltsje Halbertsma

'Net allinnich dat de smid fan Earnewâld de planke fan it skip skuorde, mar hy lei him ek faak wif. Dêr moast men tige mei oppasse. Dan lei er de planke sa, dat as men der op stapte, dan kaam men tusken wâl en skip terjochte. Hy hie der in hantsje fan en lûk de planke in bytsje skeef, dat presys it iene tipke noch op it skip lei. As men der dan op stapte, kantele de planke.
It wie net sasear dat de smid nachts it skip nei de oare kant ferlei, mar hy goaide de katten en de touwen los en hy liet it fuortdriuwe, want hy woe it fan 'e wâl ôf ha. Dan wie it grutte gefaar, as de skipper der dy nachts út kaam, dat er nei de kant rûn dêr't de wyn wei kaam en dêr't er miende dat de planke lei of de wâl wie. Dan soe er op 'e wâl springe, mar hy sprong yn pleats yn 't wetter en ferdronk.
De smid makke nachts net allinnich de skippen los, mar hy draaide se ek wol ris om, dat se mei de kop de oare kant út leinen. Dan stapte de skipper ek by de ferkearde kant del' (S. de B.).







Beschrijving

De smid van Eernewoude brengt vaak schippers in gevaar. Soms verwijdert hij de loopplank van een schip of legt deze zo wankel neer dat hij kantelt als iemand erover heen loopt. Ook maakt hij vaak touwen en ankers van schepen los. Het schip drijft dan weg van de wal. Eveneens draait hij soms schepen om. Het gevolg van dit alles is vaak dat schippers nietsvermoedend het schip verlaten, in het water vallen en verdrinken.

Bron

Y. Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske Folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, 189

Commentaar

winter 1978-'79

Naam Overig in Tekst

Eeltsje Halbertsma    Eeltsje Halbertsma   

Naam Locatie in Tekst

Earnewâld [Eernewoude]    Earnewâld [Eernewoude]   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20