Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE166a - Holle ôf, holle op

Een sage (boek), 1972 - 1973

Hoofdtekst

Holle ôf, holle op
De ferhalen binne planteit yn it wetterlân, dat in hurdrider yn in wjek rydt en dat de holle der tsjin 'e skerpe râne fan it iis ôfsnijd wurdt en boppe it iis fierder skuilt, wylst de romp der ûnder troch sylt. Oant se yn it twadde wjek krekt wer opinoar komme en fuort oaninoar fêstfrieze. Soms sit in spûk de rider efter, soms net. Meast bart dit mei de holle fan de man dy't efterfolge wurdt, mar soms ek mei dy fan it efterfolgjende spoek, lyk as wy yn it ferhaal fan master de Haan al sjoen hawwe. Meastentiids siket de hurdrider, of it spoek, nei ôfrin de bakker yn Warten op. De waarmte yn 'e bakkerij docht syn wurking—de holle falt der wer ôf. Dat wurdt de hurdrider needlottich, behalve as de bakker wat mear kin as brea bakke. It spoek wurdt fansels net troch sa'n akkefysje ferneatige. Wy jouwe noch twa teksten.
'Plak fan hanneling de iensume wetterwrâld besuden Warten, no hûndertfyftich jier ferlyn, Earnewâldes rûge petten, dêr't Halbertsma fan dichtet. Yn dy ferlitten krite riidt by moanneskynwaar in reedrider fan Earnewâld nei Warten. Op 'e Langesleatten—hy fernimt it—is wat efter him. Yn in tel wit er it: it spoek! Yn in tel ek set er de sokken deryn. Ride! Hurd! Op syn alderhurdst! Efkes letter, it spoek is deun efter him. Deabenaud riidt de man, sjocht no en dan oer't skouder. Riidt, riidt! Hy nimt it paad ferkeard en fljocht yn in smel wjek, in wyngat neame se dat wol. Op dat stuit, it spoek ferdwynt, lûd skatterjend. Op 'e oare kant fan it wjekje, de holle fan 'e rider wurdt troch it skerpe iis as troch in flymskerp mes fan 't lichem skaat. De holle fljocht oer't iis, it lichem fljocht ûnder't iis foarút. En, wonder, yn in wjek tichteby slut de holle him op 'e hals en yn in blits friest de holle op it lichem fêst.
Efkes letter klaut de man rydboskjend en feralterearre út it wjek, in iispylder allyk, mei as doel: nei Warten. Yn 'e waarmte. Hy strûst de bakkerij yn, krijt in sit foar de ûn en mei ganwens rint it wetter by him del. De holle pimpert him; de noasdrip. As er syn noas ôffaget, falt de holle yn in bak mei gleone sintels. De bakker, dy't ien en oar oanskôget, ferstivet. Hy stiet nêst in lyk. It spoek hie ek diskear triomfearre'
(M.C.).

Beschrijving

Op een avond schaatst een man van Eernewoude naar Wartena. Op de Langesloot merkt hij dat het spook van Eernewoude achter hem aan zit en hij gaat sneller rijden. Na een tijdje rijdt de man in een groot wak. Aan de andere kant van het wak wordt zijn hoofd van zijn lichaam gescheiden door de scherpe rand van het ijs. Het hoofd glijdt verder over het ijs en het lichaam onder het ijs. In een tweede wak komen hoofd en lichaam weer samen en vriezen op elkaar. De man gaat binnen bij een bakkerij om zich te verwarmen bij de oven. Als hij zijn gezicht afveegt, valt zijn hoofd in een bak met gloeiende sintels. De bakker staat nu naast een lijk.

Bron

Y. Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske Folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p. 190

Commentaar

1972-73

Naam Overig in Tekst

meester de Haan    meester de Haan   

Halbertsma    Halbertsma   

Langesleatten [Langesloot]    Langesleatten [Langesloot]   

Naam Locatie in Tekst

Warten [Wartena]    Warten [Wartena]   

Earnewâld [Eernewoude]    Earnewâld [Eernewoude]   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20