Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE176b - Nachts net op it spoek syn gerjochtichheid komme

Een sage (boek), winter 1979

Hoofdtekst

Nachts net op it spoek syn gerjochtichheid komme
Foaral wannear't ski ppers nach ts yn 'e Langesleat ten oanlizze woenen, wie it der te rêden. Elke skipper, en dy net allinne, wit jin te fertellen, dat de spitten of de katten (heale ankers, dy't yn 'e grûn slein waarden) nachts op it dek smiten waarden. Dit wurdt op twa manieren ferteld: it hearde allinne mar sa en de skipper ferhelle it skip, of it skip waard echt losmakke en ferfearn, of it ferdreau troch de wyn nei de oare wâl.
'It foel foar yn 'e omkriten fan 'e Krúswetters. Der waard fan sein, dat it spoek fan Earnewâld, dêr't al dy ferhaaltsjes fan binne, dy hie dat omhâns. Dêr lei bygelyks in skipper en se hienen de jûns de katten yn 'e grûn set en se joegen har del. Mar in skoft letter dan hearden se dudlik, de kat waard op 't skip smiten. Ja mar, dat koe fansels net, dêr moast wat oan dien wurde. Dan sy der ôf en sjen. Nee, it spul lei der noch krekt sa by as se it litten hienen. Mar se leinen noch mar krekt wer yn 'e koai: bom! Dêr gyngen de katten wer, sa hearde it. Dat dan ferhellen se it skip mar. It hoegde mar in Iyts eintsje te wêzen, in stikmannich skipslingten, dan hearden se it net mear, dan wie it goed. Krekt op dat plak mochten se sa't it like net lizze' (H.W.).

Beschrijving

Schippers die 's nachts aanleggen in de Langesloot lopen de kans dat hun ankers uit de grond getrokken worden en dat hun schepen verplaatst worden naar de andere oever. Het spook van Eernewoude is hier wellicht voor verantwoordelijk. Het is aan te raden om het schip iets te verplaatsen als de ankers herhaalde malen op het dek gegooid worden.

Bron

Y. Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske Folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p. 197

Commentaar

winter 1978-'79

Naam Overig in Tekst

Langesleatten [Langesloot]    Langesleatten [Langesloot]   

Krúswetter    Krúswetter   

Naam Locatie in Tekst

Earnewâld [Eernewoude]    Earnewâld [Eernewoude]   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20