Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE177a - De man grypt nei de gyk

Een sage (boek), winter 1979

Hoofdtekst

De man grypt nei de gyk
En oer de toppen fan de duorren
Dêr dwaalde in minske rûn

Eeltsje Halbertsma

'Der wienen ris fearskippers, dy sylden by Warten rjochtút en doe rûn der in keardel op 'e reiden. En krekt tefoaren hienen se it noch oer it spock fan Warten hân—dêr hienen se wol faker oer praten. Op in stuit flusteren se: Dat is him! Foarsichtich wat ôflhâlde! En dat wie mar goed, want dy keardel die ek noch in greep nei de gyk. Dy moast er net te pakken ha!
En sa sile se wer in sleatsje foarby, mar hy sweefde der oer en hy gyag dat hiele ein mei, dêr oan 'e brêge ta, dêr't no it Margrietkanaal is, dat rjochtút. Oan 'e bakkerij by Suwâld ta, safier gyng er mei en doe ferdwûn er.
Wy hienen der sels letter as skippers wol ris in bytsje de gek mei—wy kamen der ek wol ris by nacht lâns. Wy seinen dan: Minsken oppasse, hear! Hy koe hjir tafallich ris wêze en dan moatte wy him al sjen! Doe wienen wy al safier hinne, dat wy joegen der neat mear om. Mar it waard doe noch wol ferteld' (H.W.).

Beschrijving

Veerschippers zien bij Wartena een man over het riet rennen. De man (die zij voor het spook van Wartena houden) doet een greep naar de giek, zweeft een eind mee over het water en verdwijnt ten slotte.

Bron

Y. Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske Folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p. 198

Commentaar

winter 1978-'79

Naam Overig in Tekst

Eeltsje Halbertsma    Eeltsje Halbertsma   

Naam Locatie in Tekst

Warten [Wartena]    Warten [Wartena]   

Margrietkanaal    Margrietkanaal   

Suwâld [Suawoude]    Suwâld [Suawoude]   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20