Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE196 - It lean fan 'e wrâld

Een sprookje (boek), dinsdag 10 april 1973

Hoofdtekst

It lean fan 'e wrâld
In boer wie ûnderweis. Hy rûn op in bekend paad en wist, dat er aansen by in saad lâns kaam. Dy saad hie altiten goed wetter yn stien, mar de lêste jierren wie er meastal droech. Dy saad lei oan 'e râne fan 'e bosk.
Sa't er dêr by de saad komt, kipet er efkes oer de râne, benijd as er is, oft der ek wetter yn stiet. Mar sit my dêr net in bear ûnderyn en dy freget: 'Och boer, help my hjir asjeblyft út. Ik ha fan alles al besocht, mar ik kin der út mysels net út komme'.
'Ja, ja', antwurdet de boer, 'dyn geslacht ha 'k it oars net op stean. Ik bin bang, datst my ferskuorst en oppluzest, as ik dy der út helje'.
'Boer', seit de bear, 'ik sis jo ta: as jo my der út helje, dêr sille jo gjin spyt fan ha. Dan sil ik oppasse, dat jo pleats en jo fee noait wer wat te lijen ha fan 't oare wyld. Sjoch, ik bin hjir yn 'e bosk sa'n bytsje de kening'
In pear grutte bearetriennen rinne it bist al oer de wangen.
No ja, it begruttet de boer ek. Hy seit: 'Och, ast my dat taseiste, dan sil ik dy der út helpe. Doch efkes geduld, ik sil in ein tou helje'. Dat de boer giet om in ein tou út, hy lit it sakje en ja, hy hyst de bear der út.
Mar de bear sei, doe't hy der ien kear út wie: 'Ja, ik bin der no út, en ik ha der al ferskate dagen yn sitten—ik flean by de beammen op fan'e honger, dat ik soe sizze, do moatst der earst mar oan!'
'Wat sille wy no ha!'sei de boer, 'sa binne wy net ôfpraat!'
'Nee', sei de bear, 'dat sizze jo wol, mar ja, ûntank is 't lean fan 'e wrâld'.
'No', sei de boer, 'dit falt my ôfgryslik fan jo ôf—dit fyn ik net earlik'.
'Man, dat is wrâlds berin', sei de bear, 'boppedat, minsken binne ek neat better as wy. Ik haw al ris earder ien sparre en dat is my soer opbrutsen. Doe wie 'k yn 'e bosk en dêr kaam ek sa'n man oan, op twa poaten, en in wûnderaardich ding hie er op 'e hûd. En och, ik liet him mar rinne. Sa net, ik wie ek sa sêd as in mûs. Mar ik wie him goed en wol foarby, dêr blafte er my oan, út dat wûndere ding, wol 'k leauwe. It sit der my noch fan yn 'e foet. Dat jo kinne eigentlik net oars fan my ferwachisje'.
No hawar, de boer frege noch wat en hy prate noch wat, en doe sei er: 'No doch ik jo in foarstel: as jo miene, dat it is Iyk as jo sakrekt seinen, dan moatte wy sjen te witten te kommen, oft jo gelyk hawwe of net. Lit ús de earste trije dieren dy't hjir lâns komme freegje. En as dy it mei jo iens binne, dan jou ik it oer'.
'Toe dan mar', sei de bear, 'dan sil ik dat foar diskear skikke'.
Dat sadwaande, se wachten efkes en ja, dêr kaam njonkenlytsen in hynder oan. It seach der net al te glânzich út. De bear hâlde him oan en sei: 'Harkje do ris efkes: sa en sa is it gefal. Ik haw hjir in lekker boutsje foar my, ik bin ophongere, en no wol de man hawwe, ik sil him sparje, want hy hat my holpen. Mar ik haw sein: Untank is 't lean fan 'e wrâld. No moatsto it mar sizze: is 't wier of net?'
'Ja', sei it hynder, 'dêr kin ik fan meiprate. Dat sil ik jo no krekt fertelle: ik haw tweintich jier by myn boer tsjinne. Ik haw trou myn bêst dien en moarn moat ik nei de hynstestrûper. Dat is myn lean. Untank!'Jawis, dat wie wier.
Hawar, se sieten noch in skoftke en doe kaam der in hûn oan bokseljen. En, no, de bear hâlde him ek oan: 'Harkje do ris efkes, hûn! Sa en sa is't gefal. Wat tinksto hjir no fan—is ûntank it lean fan 'e wrâld of net?'
'Jawis', antwurde de hûn, 'dat is 't. Dêr kin ik fan meiprate. Ik haw achttjin jier op in pleats west, nachts en deis haw ik op it spul past, dat der gjin frjemd folk kaam. Mar moarn wol de baas my fersûpe!'
De boer waard der wyt fan om 'e holle. Hy digere alle kanten út, en ja, doe seach er fan fierrens in foks rinnen. Hy wonk en die, mar de foks makke gjin oanstalten om tichterby te kommen. 'Ik moat him mar helje', sei de boer en rûn op him ôf. Sadwaande koe er him efkes geweken nimme. Hy sei: 'Sa en sa. En ast my helpste, dan lit ik fannacht de hinnehoksdoar iepenstean'.
'Akkoart!' sei de foks, 'en lit it no fierder mar oan my oer'.
Sa kamen se by de saad. De bear die syn ferhaal wer: 'Sa en sa is't gefal. Myn ûnderfming is't en't hynder syn ûnderfining is't: ûntank is't lean fan'e wrâld. Wat seisto der fan?''Ja', sei de foks, 'dit is in minne goai. Want sjoch, men kin samar net oardielje—de situaasje is faak tige ûngelyk. Hoe gong dat hjir eigentlik om en ta?'
'Wel', sei de bear, 'ik siet hjir ûnder yn 'e put. Dêr ha 'k wol trije dagen sitten. Doe ha 'k de boer frege, oft er my der út helje woe en dy hat my der út helle'.
'Mar hoe kamen jo yn dy put?' woe de foks witte, 'om in goed oardiel jaan te kinnen, moat ik alles fan it begjin ôf witte'.
'No sjoch', sei de bear, 'ik hie toarst en ik tocht, der sit wol wetter yn dy saad, want ik hie hjir yn gjin jierren west. Mar ik seach, en ik seach—ja, ik ha my wat te fier foaroerbûgd en doe bin ik der yn knoffele'.
De foks sei: 'It wie de baas, sil ik de saak goed beoardielje, dat jo der noch ris yn sitten gongen en dat de boer jo der wer út helle. Sjoch, dan kin ik sjen hoe en wat! Want jo witte wol, se brûke my wol faker foar rjochter'.
No ja' se praten noch wat en doe, de boer liet de bear wer yn 'e saad sakje. En hy liet it tou en alles los. It duorre efkes, doe rôp de bear, 'no kinne jo my der wol wer út helje!'
'Watte?' sei de foks, 'do seist, ûntank wie it lean fan 'e wrâld. Dat kinst dan no mar wer ris ûnderfine'.
Tegearre setten se ôf, de boer en de foks. De boer wie út 'e skroeven. Hy sei: 'Jûn set ik it hinnehok foar dy iepen. Der binne lekkere groukonten by'.
De boer tocht, ik moat earst mar efkes nei hûs en bekom wat fan'e alteraasje. Hy fertelde syn wjerfarren oan'e boerinne. 'Ik bin doch wol bliid', sei er, 'dy foks hat my rêden, oars hiesto widdo west. En no haw ik him tasein, dat jûn bliuwt it hinnehok foar him iepen'.
Doe sei de frou: 'Wy ha faker grappen mei dy foks belibbe—dat bart net!'
De boer sei: 'It bart al!'
Hawar, de boerinne wie justjes snoader as de boer. Nearne oer prate, tocht se. De jûns, foardat se op bêd gongen, sette de boer de hinnehoksdear iepen, mar de frou hie ûnderwilens mei de feint praat. Dat sadree't de boer fuort wie, sette de feint de foksefâle yn 't hinnehok. Boer en boerinne gongen op bêd, mar de feint stie op in distânsje fan 't hinnehok efter in beam op 'e loer. Om in oere of toolf hinne hearde de feint wat geskarrel en dêr kaam mynhear Rein de Foks oan. Wip, hy wie yn't hinnehok. Mar de feint die as de wearlich de hinnehoksdoar efter him ticht en de waarle der op. De foks, net in bytsje fan't sintrum, trape yn 'e foksestap. De poat stikken. Lit him mar sitte, ornearre de feint en gong op bêd.
De oare moarns kaam de boer der ôf en tocht, earst efkes nei 't hinnehok. Ris sjen, hoefolle hinnen as my dat koste hat. En wat fûn er dêr? De foks siet te gûlen mei de stikkene poat yn 'e stap. Hy jammere oan ien tried wei: 'Ik earme skelm ha doch ûnderfine moatten: Untank is't lean fan'e wrâld'.

Onderwerp

AT 0155 - The ungrateful serpent returned to captivity    AT 0155 - The ungrateful serpent returned to captivity   

ATU 0155    ATU 0155   

Beschrijving

Een boer ontmoet een beer die in een lege waterput zit. De beer kan er zelf niet uitkomen en smeekt de boer om hulp. De boer, die bang is verslonden te worden, weigert in eerste instantie, maar laat zich even later toch ompraten. Als dank belooft de beer de boer te sparen en bescherming te bieden. Hij houdt echter zijn woord niet. Hij heeft honger en wil toch de boer verslinden. Ondank is nu eenmaal 's werelds loon. Dan sluiten de boer en de beer een compromis. Als de eerste drie dieren die langskomen beamen dat ondank 's werlds loon is, zal de boer zich overgeven. Een voorbijkomend paard en een hond zijn het van harte eens met de uitspraak. Dan belooft de boer (in stilte) aan een vos dat hij het kippenhok voor hem zal openlaten als hij hem nu helpt. De vos gaat akkoord en krijgt door zijn listigheid de beer zover dat hij weer in de put gaat zitten. De boer is de vos zeer dankbaar. De boerin voelt echter niets voor het plan. Ze laat de knecht een val in het kippenhok zetten. Als de vos in de val loopt, komt hij tot de conclusie dat ondank toch 's werelds loon is.

Bron

Y. Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske Folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p. 213

Commentaar

10 april 1973
De verteller hoorde dit verhaal van zijn vader.
The Ungrateful Serpent Returned to Captivity

Naam Overig in Tekst

Rein de Foks [Rein de Vos]    Rein de Foks [Rein de Vos]   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20