Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE202 - Foks en bear parte de goes

Een sprookje (boek), dinsdag 06 februari 1973

Hoofdtekst

Foks en bear parte de goes
De foks en de bear troffen elkoar. It wie winterdei en der lei snie, dat dy bear wie frijwat hongerich, want hy koe neat fine. Doe sei de foks: 'Wat grommelsto!''Ja', sei de bear, 'dat sit him yn myn lege mage. Dy rommelt, want ik ha neat yn 'e roppert'. 'Wat heart dat mâl!' sei de foks, 'dan moatte wy sjen, dat wy wat iten foar dy fine'.
'Ik ha sa'n sin oan knyn', sei de bear, 'wiken lang haw ik no al loerd op in nêst kninen, mar dy dingen komme net út 'e hoale'. No, de foks sei: 'Dat is gjin beswier, ik wit noch wat betters as kninen. Wat soest sizze fan in grutte goes?''Nokes, nokes', sei de bear, 'dat liket der al op!' 'Ik wit, wêr't wy wêze moatte', sei de foks, 'mar dy guozzehoeder hat der in goede doar foar, dy kin ik net op krije. Asto der no in pear planken út triuwst, dan kin ik der troch om sa'n goes te snappen'. 'No, ik tink', sei de bear, 'dat ik der mei myn sterke poaten samar in pear planken út ha'.
Tegearre gongen se nei dat guozzehok en de bear hufte der in pear planken út mei syn grouwe poaten. De foks der troch en dy hie al gau in goes te pakken. Dy skreaude wakker en de oare guozzen joegen ek in bulte spul út. Meiïens kaam de boer der oan. Dit wienen de boer syn guozzen net om se no sa kwyt te reitsjen.
De bear tochte, doe't er dy boer fernaam, ik naai der út. De foks smearde him ek, mar mei de goes. En hy tochte, ik moat earst myn part al ha, foardat dy roppige bear dizze goes yn 'e kloeren kriget. It is de baas en gean dát even om. De bear wie rjochtút fuortstrûsd, mar de foks makke in omweike. En de bear wachte mar en wachte mar.
Lang om let dêr kaam de foks oan. 'Wat bisto lang weibleaun!' sei de bear. 'Ja', antwurde de foks, 'de boer hie de iene ein fan 'e goes te pakken en ik de oare en doe ha wy allebeide krekt salang lutsen, dat dy goes yn twaën skuorde'. 'Ik wit net, ik wit net', sei de bear, 'no hawar, hjir is altyd noch wat, mar asto dêr dyn part noch fan ha moatst, dan bliuwt der in bedroefd bytsje foar my oer'. 'No, hoe soe ik dêr neat fan krije—dat is net mear as fatsoenlik, wol?' sei de foks. De bear naam fierwei it measte, mar de foks hie fansels de oare helte al op.

Beschrijving

De vos neemt de beer mee op ganzenjacht. Als de beer nou een paar planken opzij duwt, kan de vos door het hek heen kruipen. Hij krijgt een van de ganzen te pakken. Dan komt de boer eraan. De beer en de vos vluchten allebei weg, maar alleen de vos heeft een gans. Hij heeft geen zin om zijn prooi met de beer te delen. Daarom eet hij de helft vast op. Tegen de beer zegt hij, dat de boer het ene eind van de gans vast had en hijzelf het andere, en dat ze toen zo hard hebben staan trekken dat de gans in tweeën scheurde. De halve gans die nog over is, deelt de vos met de beer.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.] 1979, blz.219-220

Commentaar

6 feb. 1973

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20