Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE222 - Hoe 't de ûle in mûzevanger wurden is

Een sprookje (boek), dinsdag 12 december 1978

Hoofdtekst

Hoe't de ûle in mûzefanger wurden is
By de skepping hie it iene minskepear allinnich mar wat te sizzen oer de oare skepsels, tegearre koenen se it sa wol roaie, mar doe't se machtiger waarden en der folken ûntstienen, doe woenen se ek ûnderelkoar it geweld regelje en stelden de folken keningen oan . 'Hea', seinen de fjouwerfuottige dieren, 'dat koenen wy ek wol ris dwaan! Wy kieze meiïnoar ien út ús fermidden en dat wurdt ús kening'. Mar de liuw sei dalik: 'Der wurdt hjir net keazen! Ik bin de kening fan'e dieren en as jim net om Iyk wolle, dan byt ik jim dea en ik fret jim op'. De liuw seach sa gleon en hy grânzge sa brimstich, dat doe wienen de oare dieren it der gau mei iens en de liuw waard kening.
Mar de fûgels wienen der ek noch; dy hienen neat nedich mei de bisten dy't op 'e grûn omkroasken. En doe't de fûgels dan hearden, dat der rûnom keningen oansteld wienen, ûnder de minsken en ek ûnder de bisten, doe ornearren der ûnder de fûgels guon: 'It soe net ûnaardich wêze, as wy ek in kening hienen'. Der wienen al in stikmannich fernimstige fûgels, dy seinen: 'Dêr ha wy neat gjin ferlet fan', mar de earrebarre lake it wol oan en dy die op in kear tiding oan alle fûgels, dat se moasten de oare moarns betiid gearkomme oan 'e boskrâne, wêr't de grutte heide begûn, want der wie in wichtich punt te behanneljen.
Doe't no fan alle kanten de fûgels delkommen wienen, naam de earrebarre it wurd: 'Wy hawwe der mei dizze en jinge oer praat en it like ús net ûngaadlik ta, as wy in kening keazen. Mar lit ús it oars dwaan as de bisten op 'e grûn: wy moatte der mei oerlis en yn ienriedigens út sjen te kommen'. No, ferskate fûgels gniisden de earrebarre út, mar de measten wienen der doch wol foar. 'Hoe sille wy dat ha?' fregen se, 'wy moatte fansels in oerfljogger ha ûnder de fûgels'.
Doe rôp de eigenwize hoanne: 'Wel, lit ús sá dwaan—Iyk as jim witte, moatte wy ús iten út 'e ierde helje, ús wjirms en ús krobben en sok guod mear: as wy no ris ôfpraten, wa't it djipste gat yn 'e grûn klauwe kin, dy is kening. Hoe liket dat?' Poer de gek hienen se mei de hoanne. 'Dêr hoecht men gjin fûgel foar te wêzen' seinen se, 'dat kinne de mollen en de rotten ek wol'. Doe die de nachtegeal in goai. 'As wy no ris dogge, wa't it moaiste sjonge kin', sei it gealtsje, 'dat kinne de beesten op't lêst net. Dan moat men de bolle mar ris hearre, of de ezel'. 'Ja', seinen de oaren, 'omdatsto moai sjonge kinste, dêrom wolsto dat fansels. Mar nee, it is net wat aparts foar de fûgels'. Doe die de earrebarre in útstel: 'Wa't fan ús it heechste fleane kin, sûnder wurch te wurden en sûnder del te kommen, lit ús dy beneame ta kening!' No, de hoanne aksele al wat tsjin en mear fûgels dy't amper fleane koenen, mar fierwei it grutste part stimde der yn mei.
'Allegearre klear?' frege de earrebarre, 'ik tel en dêr geane wy: len, twa, trije!' It wie krekt oft de wrâld fergong, sa'n geklepper fan wjukken—alle fûgels de loft yn. It duorre mar even, doe kaam de hoanne wer del, en in pear oare fûgels folgen al gau. Guon hâlden it moai lang út, mar njonkenlytsen, de iene nei de oare saaide del en op 't lêst wie inkeld de earn noch yn 'e loft. De oare fûgels koenen him amper sjen, in spjeldeknopke, mear net, koenen se noch bedigerje. De fûgels seinen: 'Hy kin om ús wol delkomme, want hy hat it fan fierren wûn'. En it wie krekt, as hearde dy earn dat. Hy saaide op 'e grûn en alle fûgels rôpen: 'Jûchhei! Do bist ús kening!' 'Nee', sei de earn, 'dat stiet noch te besjen, want doe't ik my sakje liet, fleach der my in Iyts fûgeltsje, in tomke, út 'e fearren wei. Ik koe net heger mear, mar dat Iytse ding rôp oars net as: Kening bin ik, kening bin ik, kening bin ik! Jim hawwe it net sjen kinnen, want jim seagen my mar mear as sa'n Iyts propke. Mar it pjut is dêr noch boppe, hear!' Dat fûnen alle fûgels in gemiene streek. 'Dêr sil er foar bliede moatte', seinen se.
Se wachten noch in skoft. It begûn al skimerich te wurden, en dêr kaam dat tomke del. Alle fûgels der efteroan, en dy Iytse narde yn syn benaudens, dy fleach ta in farsk mûzegat yn. Net ien fan 'e oare fûgels dy't der yn koe. Doe seinen se tsjinmekoar: 'Hy moat der fansels in kear wer út komme. Oars giet er dea'. Mar it waard jûn en doe woenen se allegear wol yn 't nêst, it hie in drokke dei west. Se seinen: 'len fan uzen moat de wacht hâlde fansels. Wa soe dat it bêst dwaan kinne? 'No', sei de ûle, 'dat wol ik wol waarnimme. Ik kin moai knap yn 't tsjuster sjen. Gean jimme no mar op 't nêst en jim komme moarnier mar wer'.
De ûle gong foar 't mûzegat sitten te wachtsjen. Mar it hâlde mar oan en it hâlde mar oan—noait kaam dat tomke der út. Sels de ûle waard op 't lêst sliepperich. Hy tocht yn syn wiisheid, no, it hindert ek neat, as ik mei ien fan myn beide eagen sliep. Hy die it loftereach ticht en hâlde mei it rjochter al mar dy mûzehoale op 'e kuer. En mei ferrin fan tiid wiksele er dat om, doe slepte it rjochtereach en hy seach mei it lofter. Mar doe't er noch ris ferwikselje soe, doe die er it loftereach wol ticht, mar hy fergeat om it rjochter iepen te dwaan. Dêr hie dy Iytse smycht yn it mûzegat op sitten te wachtsjen; hy naaide út en fleach yn 'e hagedoarnen. En doe't de oare moarns de fûgels weromkamen, moast de ûle wol tajaan, dat er in hiel skoft sliept hie. Se wachten noch in set foar it gat, mar noait kaam der mear wat út.
Dat lytse ding nestelt sont dy tiid yn 'e hagedoarnen, mar wannear 't er fljocht, dan kin er it net litte en rop: 'Kening bin ik, kening bin ik, kening bin ik!' Sadwaande ha se him winterkeninkje neamd, ien dy't himsels kening neamt. In spotnamme is it dus. De minsken miene hjoed de dei noch wol, dat er dat ropt, mar ik ha 't der noait oan heard.
De ûle siet noch in skoft oer it gefal nei te prakkesearjen. Hy hie it neat te rom, want de oare fûgels woenen him de skuld fan alles jaan. It wie him sels ek wol yn 'e wei, mar op 't lêst besocht er doch om him wat skjin te praten. Hy sei: 'Sjoch, as dy mûs dat gatsje net makke hie, dan hie dat fûgeltsje der net yn krûpe kinnen en wy hienen meiïen mei him ôfweve kinnen. My tinkt, it is de mûs syn skuld. Tenei fret ik alle mûzen op dy't ik mar beneppe kin'. En sa is de ûle mûzefanger wurden.

Onderwerp

AT 0221 - The Election of Bird-king    AT 0221 - The Election of Bird-king   

ATU 0221    ATU 0221   

Beschrijving

De vogels willen een koning kiezen. Ze houden een wedstrijd: De vogel die het hoogst kan vliegen en het langst in de lucht kan blijven zal tot koning worden benoemd. Het lijkt erop dat de adelaar gewonnen heeft. Maar deze vertelt, als hij geland is, dat een klein vogeltje nog hoger is gegaan dan hij. Het vogeltje had zich verborgen in de veren van de adelaar. Toen de adelaar moe was, en niet langer in de lucht kon blijven, had het kleine vogeltje zijn krachten nog gespaard en kon daardoor hoger vliegen.
De andere vogels vinden het een gemene streek en willen het het kleine vogeltje betaald zetten. Deze vlucht een muizehol in. Omdat het er toch een keer uit zal moeten komen, houdt de uil de wacht bij het hol. Maar de uil valt in slaap, en het vogeltje vlucht de meidoorn in, waar het nog altijd nestelt. Tijdens het wegvliegen roept het vogeltje: "Ik ben koning!" Daarom krijgt het de naam 'winterkoninkje'; hij die zichzelf tot koning maakt.
De uil geeft de muis de schuld van alles. Als deze geen hol had gegraven, had het winterkoninkje niet kunnen vluchten. Hij besluit daarom om alle muizen op te vreten die hij te pakken kan krijgen. Zo is de uil een muizenvanger geworden.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p.233.

Commentaar

12 dec. 1978
The election of bird-king & AT 0221B Test: Who can go deepest in earth?

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20