Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE225 - It redboarstke

Een sage (boek), dinsdag 12 december 1978

Hoofdtekst

It readboarstke
By de skepping hie alles dat op ierde libbet in namme krige, de planten, de dieren, de fûgels, en de minsken fansels, mar der wie ien Iyts, nearzich fûgeltsje, dat wie fergetten. It like wol wat op in mosk, mar it wie gjin mosk. En as se dat fûgeltsje fregen: 'Hoe hjitsto eigentlik?' dan sei it: 'Ja, dat kin 'k net sizze, by de skepping bin ik foarby fan namme rekke, mar der is al sein, dat wy ien kear folle moaier fûgeltsje wêze soenen, en dat wy dan ek in namme krigen. Dat soe wêze, bywannear 't ien fan ús geslacht in died die, in tige goedenien, dy't der fier út rûn neffens oare dieden'. Dat ferhaal waard fan geslacht op geslacht by de fûgeltsjes ferteld en se dienen har bêst om goede dingen te dwaan, yn 'e ferhoop, dat se folle moaier fearren krigen, en ek in namme. Mar it slagge harren noait.
En doe wie der ris sa'n fûgeltsje, dat hie syn nêst boud tichte by Golgotha en dat nêst sieten fjouwer jongen yn. It âlde fûgeltsje fertelde datselde ferhaal ek oan 'e bern, Iyk as hja it wer fan hár mem heard hie. En wylst se dat fertelde, seach se yn 'e fierte in mannichte minsken oankommen, en dêr wie ien by, dy droech in grut houten krús. It fûgeltsje hie dat wol faker sjoen. It gong op har jongen sitten en sei: 'Jim bliuwe ûnder my en jim meie net sjen, wat hjir bart. It is sa ferskriklik, dat kinne allinne de minsken mekoar mar oandwaan'.
Dêr siet dan dat fûgeltsje en it seach, hoe't op Golgotha trije krusen oprjochte waarden en dêr spikeren de soldaten trije minsken oan, en ien dêrfan wie Kristus. It fûgeltsje hearde him noch praten, wylst er oan it krús hinge, en it dearde har oan. En doe't it dan einlings foarby wie en de mannichte har ôfjoech, doe bleau Jezus dêr dea oan it krús hingjen, teminsten dat like earst sa, mar doe seach it fûgeltsje, dat der noch libben yn wie, en it tocht, wat moat hy in pine ha, net allinne fan dy spikers troch hannen en fuotten, mar ek fan dy toarnen dy't him dêr om 'e holle wuolle binne! It fûgeltsje koe it net mear hurde op it nêst, it fleach der op oan en doe seach it klear en dúdlik, dat er noch libbe. En doe loek it him mei syn snaffeltsje dy toarnen ien foar ien út 'e holle. Kristus fernaam dat en sei: 'Hjir silsto foar segene wurde'. En doe foel der in drip bloed fan syn holle op it boarst fan it fûgeltsje.
Doe't dat fûgeltsje by it nêst weromkaam, seinen de jongen allegearre. 'Wat hat mem in prachtich moai read boarst krige! Hoe is dat sa kommen?' Och', sei se, 'dat moat bloed wêze, it sil der aansen wol wer ôf gean'. Mar it gong der net ôf en doe't de jongen grutter waarden en ek fearren krigen, doe wienen dy foar it boarst ek allegearre prachtich read — en dat bleau sa, ek by de folgjende fûgeltsjes, en dy hawwe fan dy tiid of de namme hâlden fan readboarstke.

Onderwerp

SINUR 0092a - Rotkehlchen: rot vom Blute Christi    SINUR 0092a - Rotkehlchen: rot vom Blute Christi   

Beschrijving

Eén klein vogeltje heeft bij de schepping nog geen naam gekregen. Het heeft zijn nestje gebouwd vlak bij Golgotha. Als Jezus gekruisigd is, vliegt het vogeltje naar hem toe, en haalt met zijn snavel de doornen uit zijn hoofd. Er valt een druppel bloed op de borst van het vogeltje, en deze gaat er niet meer af. Sindsdien hebben alle vogels van zijn soort een rode borst, en daarom hebben ze de naam roodborstje gekregen.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p. 238.

Commentaar

12 dec. 1978
Rotkehlchen: Rot vom Blute Christi

Naam Overig in Tekst

Golgotha    Golgotha   

Jezus    Jezus   

Christus    Christus   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20