Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE228 - Hoe 't de ezel der kommen is

Een sage (boek), donderdag 09 februari 1978

Hoofdtekst

Hoe't de ezel der kommen is
It hynder hat de kop omheech, mar de ezel net. Dy hat de kop rjochtút of hy lit him hinhje. Hoe't dat sa komt, en ek hoe't der ezels op'e wrâld kommen binne - want dy wienen der earst net—seit it neikommende ferhaaltsje.
Der wie ris in jierrich âldfeint en dy hie in hynder. Dat mantsje wie fierstente goed foar dizze wrâld en sei suver op alles'ja'. Sadwaande hearde dat hynder him ek altyd 'ja' sizzen. It mantsje waardnjonkenlytsen âld en it hynder ek. Sa âld net as syn baas, mar wol gauwer ynein. Dêrfandinne dat er de kop altyd hingje liet.
Op in dei ferstoar de man en doe stie dat âld hynder mei de kop foardel yn 'e greid njonken it hûs. Op in stuit kamen der minsken it hiem op. Oars sei it mantsje altyd fan 'ja' en doe tocht it hynder, de baas is dea, no moat ik mar 'ja' sizze. Dat dy gewoante naam er oer fan it mantsje. De kop liet er noch mear hingje, it 'ja' waard 'i-a'. Doe wie it dan in ezel en ezels binne der altyd bleaun.

Beschrijving

Een oude man had een paard. Het paard was ook oud, en liet daarom van vermoeidheid zijn kop altijd hangen. Toen de man stierf, nam het paard zijn gewoonte over om overal 'ja' op te zeggen. Het liet zijn kop nog meer zakken, en zei 'i-a'. Zo is de ezel op de wereld gekomen.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p. 239.

Commentaar

9 feb. 1978
Als tweede verteller wordt Piter van der Brug genoemd.

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20