Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE239 - Hoe 't de stjonkswam der kommen is

Een sage (boek), woensdag 03 november 1976

Hoofdtekst

Hoe't de stjonkswam der kommen is
Der wie ris in fanke. dat waard grutbrocht by har beppe. Beppe wenne yn in hûske yn 'e bosk. Se wie tige earm en waard fan 'e tsjerke ûnderhâlden. Dat sadree't it fanke âld genôch wie, moast se der út en waard boerefaam. Beppe woe graach, dat se har ta deugd oanstelle soe en dêrom fertelde se har allerhanne ferhalen, dêr't in warskouwing yn sitte moast. Mar dat wienen sokke nuvere ferhalen, bygelyks: as men stiel dan soe de hân der ôf falle, en mear fan dy aaklike dingen. Dêr hie it fanke altyd fan griisd, mar fierder hienen dy ferhalen neat útwurke. It fanke koe de hannen net thúshâlde en mei gauwens sloech se mei manlju om. Der siet in wyld aard yn.
Doe't se in jier of wat tsjinne hie, moast se yn `e kream, mar dei wie gjin man dy't mei har trouwe woe. Se hâlde it stil, sei de tsjinst op en gong nei it hûske yn'e bosk werom—beppe wie yntiid ferstoarn.
Sûnder help en sûnder dat immen der fan wiste, brocht se it bern te wrâld. Doe't se it beseach, griisde se—it miste in hantsje. Dat woe se net sjen en dêrom bûn se der in bûsdoek omhinne. Mar se griisde der noch altyd fan. Oft se no dat bern ferhongerje litten hat of fermoarde, dat kin ik net sizze—yn alle gefallen, it rekke dea. Se hat it dêr tichteby yn 'e bosk begroeven.
En neitiid dan kuiere se dêr wol yn 'e bosk om, foaral by ljochtmoanne, en dan fleach it har allegear oan. Yn 'e neisimmer koe se it hielendal net mear hurde. It sloech har yn 'e sinnen, want dan kaam dat hantsje omheech út 'e grûn, mei it bûsdoekje der om, en dat hantsje wie bedoarn, de lucht wie amper te fernearen.
It fanke is hielendal sljocht wurden, en dat hantsje kaam altyd mar wer—it waard de stjonkswam.

Beschrijving

Ondanks de waarschuwingen van haar grootmoeder, heeft een boerenmeid haar handen nogal los zitten. Bovendien heeft ze omgang met allerlei mannen. Ze krijgt een baby, die een hand mist. Het meisje kan dit niet aanzien en bindt hem een zakdoek om zijn arm. De baby gaat dood, en het meisje begraaft hem in het bos. De arm van de baby, met de zakdoek erom, groeit steeds weer boven de grond uit. De arm is verrot, en daarom komt er een vreselijke lucht vanaf. Zo is de stinkzwam ontstaan.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p. 245.

Commentaar

3 nov. 1976

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20