Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE241 - De dieren moatte wegen meitsje

Een sage (boek), maandag 16 januari 1978

Hoofdtekst

De dieren moatte wegen meitsje
It is al ieuwen en ieuwen lyn. De wrâld bestie noch net sa lang, mar it minskdom begûn al wat oer de ierde te wreidzjen. Der wienen noch gjin wegen en njonkenlytsen waard dat lestich. Doe ornearre de Skepper, der kinne de dieren wol yn foarsjen. Ik soe it ek wol allinne dwaan kinne, mar de dieren steane op 't lêst ûnder myn bewâld, dat lit dy my mar helpe.
Der wienen dieren, dy seinen, doe't se dat hearden: 'Wat hat dat nedich? Wy moatte it aansen belije, as dy minsken sa hurd hinne en wer kinne . Mar oare dicren fielden der alles foar. It hynder bygelyks sei: 'Ik wol wol mei helpe'. Mar it wie sa rimpen en it sette sa ferwoest út ein, dat it waard neat. It hynder makke wol paden, mar it sloech de hoeven sa djip yn 'e grûn, dat dy paden wienen net gongber, ien stik gatten, en dy stienen fol wetter as it reind hie, nee, der wie net op dy hynstepaden te ferkearen.
Doe sei de Skepper: 'Dit giet fierste mâl, do bist te gysten. Dan is't mar better, dat der in bist mei te wurk giet dat it wat bedaarder oerleit'. Doe kaam de ko. De ko sei ek: 'Ik wol wol meihelpe. Mei alle wille'. De ko makke paden, hy run net sa hurd, hy sloech gjin gatten yn 'e grûn, mar hy sigesage hyltyd sa ûnder it rinnen, dat dy paden waarden wol sljocht, mar net rjocht.
Doe sei de Skepper tsjin 'e ko: 'Do dochst it my ek net nei 't sin. Jim binne beide wol fan goede wille, do en it hynder, mar kronkelwegen kin ik likemin brûke as ûnsljochte. Der sil in oar dier oer gear moatte'. De Skepper tochte, de mol, dat is ien, dy arbeidet wat stadiger en mei mear oerliz. Dat doe stjoerde er tynge oan 'e mol: 'Jonge, soesto ek helpe kinne om wegen oan te lizzen?' De mol hie al fan dat oanlizzen fan wegen heard en hy hie him al in bytsje tebeklutsen, want hy tochte, dêr moat ik mar net mei te set, it liket my in dreech kerwei ta en sa grut en sterk bin ik op 't lêst ek net. De mol waard opspoard en krige oarder om te kommen en mei te helpen om wegen te meitsjen. No, de mol hie der in bytsje sin oan en kroep wei yn in tsjuster hoekje ûnder de blêden.
Doe kaam de Skepper sels en dy seach de mol dêr sitten. Hy sei: 'Wat dochsto dêre? Hast myn befel net heard?' Dêr hie de mol neat op te sizzen. Doe ferfette de Skepper: 'Omdatsto myn fersyk—myn befel—net neikommen biste, dêrom silst straft wurde. Do hoechst gjin wegen oan te lizzen, mar do silst ek giin gebrûk meitsje fan'e wegen dy't in oar oanleit. Do moatst tenei dyn eigen paden mar ûnder de grûn troch meitsje'. Sadwaande bliuwt de mol ûnder de grûn en graaft dêr syn eigen gongen, dy't troch in oar net brûkt wurde, en it deiljocht kin er net ferneare.
Mar doe wienen der noch gjin wegen. Der kaam oars wol hyltyd mear ferlet fan, want it minskdom waard machtiger—watfoar dier soe no noch it bêste dy wegen meitsje kinne? De Skepper tochte, ik freegje de bever. De bever hat dêr in hiele bulte gaadlike eigenskippen ta—as dy wol, dan bin'k holpen. Hawar de bever waard frege. Hy sei: 'Neat gjin beswier. Ik sil oan't bouwen'.
Mar wat de bever te dwaan hie? Hy lei gjin wegen oan—hy arbeide allinnich ta syn eigen geriif. Hy boude dammen yn 't wetter en grutte huzen foar himsels. dêr't oare dieren neat mei koenen. Dat wie de Skepper ek net nei't sin. Hy sei: 'Do soest my helpe om foar alleman wegen oan te lizzen, en no soargest allinnich foar dysels. Hjir kin ik neat mei'. De bever stie ek mei de mûle fol tosken.
De Skepper wie syn rie hast al te'nein.Hy tochte, der bliuwt my neat mear oerit iene dier wol net, it oare makket ferkeard wurk of arbeidet inkel foar himsels. Ik leau de ierde kriget gjin wegen.
Mar doe wie der noch ien bist, dat kaam út eigen beweging nei foaren en sei: "Ik wol wol helpe om wegen oan te lizzen'. Dat bist wie de liuw. Hy makke paden oer it fjild en troch strûk en strewel en romme alles op dat him yn 't paad stie. Hy makke wegen dy't wol gjin keunststikken wienen mar dêr't in oar doch lâns koe. Doe sei er: 'No ha 'k omraak myn bêst dien. Ik ha 't der yn alle gefallen sa goed wol ôfbrocht as de dieren dy't foar my oan 'e gong west ha. Is de Skepper wat oer my tefreden?' 'Ja', sei de Skepper,"dit liket der op, watfoar Iean hiest tocht, datst der foar ha soeste?'
De liuw sei: 'Dan soe ik it frij ha wolle om dy oare bisten, dêr't jo neat mei koenen, op te fretten .
Doe antwurde de Skepper: 'Dat stean ik net ta! Ik bin de Skepper fan it libben en ik wol, dat it libben der bliuwt. Ik kin dy gjin frij jaan om de oare bisten te ferneatigjen. Mar ik wol dy al beneame ta kening fan 'e dieren'. De liuw sei: 'Dat nim ik oan'.
Sa is de liuw kening fan 'e dieren wurden, mar it wie him al gau fergetten, dat er de oare dieren net opfrette mocht.

Beschrijving

De Schepper wil dat de dieren wegen gaan maken. Het paard maakt wegen met kuilen, en de koe maakt slingerpaden. Dan wordt de mol ontboden, maar deze verstopt zich. Voor straf zal de mol nooit van wegen gebruik mogen maken. Hij moet gangen voor zichzelf graven onder de grond. De Schepper zet nu de bever aan het werk. Maar in plaats van wegen aan te leggen voor algemeen gebruik, bouwt de bever alleen maar dammen en huizen voor zichzelf. Uiteindelijk biedt de leeuw aan om de wegen te maken. Als beloning wil hij het recht om andere dieren op te eten. Dit wil de Schepper hem niet geven, maar hij wil de leeuw wel koning maken van alle dieren. De leeuw gaat akkoord, maar al gauw is hij het verbod om andere dieren op te eten weer vergeten.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p. 246.

Commentaar

16 jan. 1978

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20