Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE242 - Liep, Tûk en Snoad

Een sprookje (boek), donderdag 10 november 1977

Hoofdtekst

Liep, Tûk en Snoad
Der wienen ris in boer en in frou, dy krigen in Iytse jonge. De man seach yn 'e widze en sei: 'Jamar, dy is liep!' En hy neamde him Liep. In pear jier letter krigen se in twadde jonkje. De man seach wer yn 'e widze en sei: 'Jamar, it jout neat, dy is wol sa tûk!' Doe krige dy jonge de namme fan Tûk. In set letter kaam der noch in tredde jonkje. De man seach wer yn 'e widze en sei: 'Mar dit is in snoadenien!' Sadwaande neamde er dy Snoad.
In healjier nei de berte fan Snoad ferstoar de frou oan in krupsje dy't se fan 'e befalling oerhâlden hie. Doe mocht de man syn jongste net mear sjen. It wie ek allegear like raar wat der oan wie. Hy moast tagelyk foar de buorkerij soargje en foar de húshâlding en dat rûn him oer de fûst. Hy rekke oan 'e drank, wat langer wat slimmer; dat sette him op 'e eagen en mei ferrin fan tiid waard er sa blyn as in mol.
Undertusken wienen de trije jonges al sa grut wurden, dat se it wurk oan koenen. Liep en Snoad dienen allinnich de buorkerij, mar Tûk wie der ek sa'n bytsje húshâldster by en die de ynkeapen. De beide âldsten wie de âld boer wiis mei, mar de jongste hie er sa it grau op yn, dy mocht net iens yn 'e hûs komme, dat dy heukere altyd mar wat efter yn 'e pleats om.
Ien ding behannele de man syn soannen gelyk yn — alle trije krigen se twa gûne wyklean, mar Snoad mocht net by him komme om it te barren, ek net doe't de man al sa bot yn 'e minnichheid wie, dat er net iens mear fan 't bêd kaam. Hy wie slim wantrouwich, mar Liep kaam dan al by him, as er it jildtrompke iepen by it bêd stean hie. Dan betelle er him seis gûne. Liep joech Tûk syn twa gûne; dat koe net bêst oars, want dy prate wol mei syn heit, mar hy gong hinne en betelle Snoad mar ien gûne. Snoad kaam doch net by heit en wist net better of sa heech wie it lean.
Op sa'n manier hâldde Liep trije gûne oer. Syn eigen lean lei er hielendal op 'e kant en de gûne dy't er Snoad ûnthâlde brûkte er om klean te keapjen. Hy kaam ek wol ris yn 'e herberch en dêr naam er ek wol in slokje, mar hy die it net yn 't mâle, dat dy iene gûne wyks koe er mei ta.
Tûk hâlde oeral it tafoarsjoch op. It wie ek in tûkert, hear! No en dan sei er tsjin 'e jongste: 'Do moatst ek in nij pak klean ha. Ik sil it wol foar dy keapje'. Dan krige er sinten mei fan Snoad en yn 'e winkel kocht er in pakje dat himsels paste — se hienen beide wakker itselde postuer. Dêr kaam er mei thús, mar yn pleats dat er it syn broer joech, sei er: 'No, it jout neat, do moatst doch altyd arbeidzje en hûsmannest dêr doch mar yn 't bûthûs en de skuorre—ik soe sizze, as ik no dit pakje hâld en do krigest minen, dat is foar dy knap genôch'. Soks wie de jongste wol goed. Sadwaande koe Tûk syn twa guûne wyklean ek op 'e kant sette — hy krige fergees nije klean en nei de herberch gong er net.
Behalve de jonges wie der ek noch in arbeider op 'e pleats. Dy arbeider hie in dochter en dêr smiet Snoad wol in eachje op. De arbeider sels koe er ek omraak mei oer 'e wei. Op in kear wienen se tegearre oan it heideoanmeitsjen, Snoad en de arbeider, en op in stuit stjitte Snoad op it iene of 't oare — op in stien miende er. De arbeider kaam der ek by en tegearre begûnen se te graven, en dêr groeven se in pot mei jild op! In moai kaptaal siet der yn.
'Hoe moatte wy hjir mei oan?' sei Snoad. Om it syn heit ta te tôgjen hie er net folle sin oan; dêr krige er de behanneling ek net neffens. Doe ornearre de arbeider: 'Witst wat, jonge — dat parte do en ik tegearre. Sjoch, dy man wie der wol foar, dat Snoad syn dochter krige. Dat hja dielden it jild en dat waard ferswijd.
Mar de âld boer waard minder en hy fielde de ein oankommen. Doe rop er de beide âldste jonges by him en hy sei: 'Ik ha jim alle trije altyd likefolle lean jûn. As ik aanst kom te ferstjerren, dan moat dyselde dy't de measte sinten oerhâlden hat de pleats keapje. Alles wat er hat oan jild moat er oan 'e beide oaren ôfdrage. Hoe liket dat?'
No, Liep tochte, dat moat mar oangean. Ik haw wol altyd in slokje dronken, mar dat die ik fan dy gûne dy't ik ynhâlde fan Snoad. Myn eigen twa gûne wyks bin ik noait oankommen — ik haw grif de measte sinten. Dat hy sei: 'Akkoard, dat wol ik wol, heit'.
De twadde, Tûk, ornearre, jamar, ik fernim wol, dat Liep út en troch nei drank rûkt. Hy hat ek wol ris nije klean keapje moatten, wylst ik de klean altyd fergees hân ha en ik keapje ek noait in slokje — nee, ik haw grif de measte sinten. Dat hy tocht by himsels, ik win it doch, en tsjin syn heit sei er, yn 't bywêzen fan Liep: 'Akkoard, heit!' De jongste wie der net iens by helle, de beide oare jonges hâlden ek gjin rekken mei him.
Doe ferstoar de âld man en Liep en Tûk seinen tsjin Snoad. 'Sa en sa. Us heit hat sein, wa fan uzen de measte sinten hat dy mei derfoar de pleats keapje. Dat sa moat it no!' 'Dat is my goed!' sei de jongste.
En doe hie Snoad safolle jild efterút fan wat yn dy pot sitten hie, dat hy koe de pleats keapje. It jild krigen de bruorren, mar doe't er mei it arbeidersfanke troude, krige dy safolle mei fan'e oare helte út 'e pot, dat doe sieten se ek noch moai rûm yn 'e sinten. En Liep en Tûk dy koenen mar om in oar hinnekommen sjen.

Beschrijving

Een boer heeft drie zonen. Hij noemt ze Liep (slim), Tûk (handig) en Snoad (schrander). Als de moeder overlijdt aan de gevolgen van de bevalling van de jongste zoon, wil de vader hem nooit meer zien. De drie broers krijgen wel ieder een gelijk weekloon voor het draaiende houden van de boerderij. De twee oudsten stelen echter altijd geld van Snoad.
Op een dag graaft Snoad, samen met een arbeider van de boerderij, een grote pot met geld op. Ze nemen ieder de helft.
De oude boer ligt op sterven, en hij wil dat de zoon die het meeste geld gespaard heeft dat gebruikt om de boerderij te kopen van de anderen. Snoad heeft, vanwege zijn vondst, het grootste kapitaal, dus de boerderij gaat naar hem. Hij trouwt met de dochter van de arbeider. Zijn schoonvader is erg gul, en zo geniet Snoad ook nog mee van de andere helft van de geldpot.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Baarn (etc.) 1979, p. 251

Commentaar

10 nov. 1977

Naam Overig in Tekst

Snoad    Snoad   

Naam Locatie in Tekst

Liep    Liep   

Tûk    Tûk   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20