Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE243 - De kanofarder en de prinses

Een sprookje (boek), september 1971

Hoofdtekst

De kanofarder en de prinses
Sa wienen der in mynhear en in mefrou, dy wienen skat-, skat-, skatryk, mar se krigen gjin bern. Dêr giet er op in moarntiid de bosk yn en dêr fynt er in jonge, in fûnling. Dy fiedde er op. Mar mynhaer en mefrou makken alle jierren in reis nei it bûtenlân. Doe wie de jonge op 't lêst achttjin jier. Hy hie alles leard by mynhear: silen en swimmen. En doe sei er: "Pa, mei 'k no ek in reis mei nei Afrika ta?" Ja, it waard him tastien. Dêr sei er: "Myn kano, mei dy ek mei?" Ja, dy kaam efter de boat oan.
Op in kear wie it hiel moai stil waar. Doe frege er: "Pa, mei ik yn 'e kano?" Ja, dat waard him ek tastien. Mar dêr komt in stoarm op en dêr slacht de kano efter de boat wei. Hy hat in protte jild yn 'e kano en dêr dobbert er op Gods gelok op 'e see om. Mar einlings en te'n lêsten komt er op 't strân. Hy lûkt syn kano op 't strân en hy giet it eilân yn. Doe sei er by himsels, ik moat mar sjen, oft ik ûnderdak krije kin.
It earste ljocht it bêste gong er hinne. En wêr kaam er te lâne? Yn in rovershol. Ja, der wie plak foar him, mar dan moast er rover wurde. No, dat like him goed ta, sei er, want hy wie beropsrover.
Dêr de jûnes doe seinen se: "Dû moatst dy kant út en de oare trije de oare kant út. Wat docht er? Hy giet nei syn kano en hy hellet der fjouwerhûndert gûne oan jild út. Hy komt thús en dêr wie hy de heechste.
De twadde jûnes moasten se wer op reis en dêr kaam er mei achthûndert thús. Mar die hie er ek al sjoen, dat se dêr ien troch in lûkje wat joegen.
De tredde jûnes kaam er mei sechstjinhûndert thús. Doe seinen se, hy moast mar haadman by har wurde. Ja, dat like him ek goed ta.
Dat de jûnes, hy krige de kaaien en hy stjoerde se fier it eilân op. Hy sei, dizze moat nei dy filla en dy moat dêrhinne en sa gong dat mar fuort. Hy hie de kaaien en hy draait dêr dy doar iepen en dêr sit in jongfaam.
Hy die it him net lang oan tiid. Hy pakte it jild wer en hy pakte de jongfaam. Doe sei er: "Mei!" Se makken dat se by de kano kamen en dêr gong it de see yn. En dêr dobberen se wer op Gods gelok de see oer.
Dêr sjogge se in grutte boat oankommen. Sy winke en winke, mar dy sjocht har net. Doe joech de jongfaam him ek in bûsdoek. It duorre efkes, doe kaam der wer in grutte boat oan. Doe rôp se: "Dat is ien fan myn faderlân!" Sy wiuwe, en dêr krigen se har yn 't sicht en se namen har oan board.
Yn dy tiden wie de keningsdochter fan Ingelân ûntfierd. En de kening fan Ingelân hie ûtlove: wa't syn dochter wer te plak brocht, dy krige har ta frou. Dêr wist de kaptein wat fan en hy wie ûngetroud. En dy seach, dat de jongfaam de keningsdochter wie. Mar de jongkeardel dy't har ferlost hie wist fan neat. Doe sei de kaptein tsjin syn manskippen: "As wy strak ticht oan 'e wâl binne, dan donderje jim him de see yn."
En sy farre en doe wienen se yn 'e Ingelske haven en sy pakke him en sy goaie him oer board. Mar hy hie fan alles leard, swimmen ek. Dat hy beswimde it roer fan it skip en dêr gong er op sitten.
Sy oan 'e wâl. Mar it duorre net lang, dêr begûnen de klokken fan Ingelân te lieden. Dêr wannele hy de stêd yn, en dêr wie ek in skilder oan 't wurk. Hy frege: "Wat betsjut dat?" "Ja," sei de skilder, "de keningsdochter sil trouwe mei dy en dy kaptein en no moat ik it opskilderje." Doe sei de jongfeint: "Ik bin ek beropsskilder. Kin ik jo helpe te skilderjen?" "Jawol."
Sy oan it skilderjen. Hy wiste noch fan neat, mar hy ferhierde him dêr. En doe skildere er yn 'e iene hoeke fan 'e keamer, hoe't er op 'e see mei de kano oan wâl slein wie. Yn 'e oare hoeke, hoe't er dêr in jongfaam ferlost hie. En sa ek, hoe't se him dêr yn 'e see bruid hienen. En sa beskilderde hy dat hûs.
Dêr duorre it efkes, doe wie it klear. En doe kaam de kening der oan mei de prinses en mei de kaptein, syn oansteande skoansoan, en mei al it folk. Se fregen, oft se it hûs wol besjen mochten. Jawol. Mar doe sei er tsjin 'e kening: "Op 't slot - der mei gjinien ût noch yn!" En doe fregen se: "Wat betsjut dat?" Hy sei: "Sjoch, da wie ik mei de kano op see en dêr sloech ik efter de boat wei. Dêr kaam ik op in eilân yn in rovershol. Op 't lêst waard ik haadman en doe ferloste ik dêr in jongfaam. Wy tegearre op see en dêr kaam in grutte boat oan, dy pikte ús op. En dêrre," sei er, "doe hawwe se my hjir yn 'e haven oer board goaid en ik bin oan 'e wâl swommen. En de jongfaam hie my noch in bûsdoek jûn. Sjoch, dêr stiet se!"
Doe sei de prinses: "Dit is myn ferlosser, heit!" De kening frege: "Wat moat mei de kaptein barre?"
Doe sei er: "Dy moat mei acht hynzers útmekoar jage wurde."
(Opgetekend: september 1971)

Onderwerp

AT 0506 - The Rescued Princess    AT 0506 - The Rescued Princess   

ATU 0505    ATU 0505   

Beschrijving

Een schatrijk echtpaar is kinderloos. De man gaat op een gegeven moment het bos in en vind daar een jongetje. Hij neemt de vondeling mee naar huis en ze voeden het kind op. Ze leren het van alles. Als het kind achttien is wil het een keer met de kano gaan varen. Hij neemt een heleboel geld mee en gaat op weg. Hij luidt schipbreuk en spoelt aan op een eiland. Daar wordt hij opgenomen bij een groep rovers en uiteindelijk brengt hij het zelfs tot roverhoofdman. Op een dag gaan ze weer op rooftocht en de jongen ziet een meisje zitten. Hij neemt haar mee en ze worden op zee opgepikt door een boot. Intussen blijkt dat de prinses ontvoerd is. En de koning heeft beloofd dat wie haar thuis brengt met haar mag trouwen. De kapitein van de boot denkt dat het meisje de prinses is en geeft bevel de jongen overboord te gooien. De jongen weet naar de kant te komen en neemt dienst bij een schilder. Hij schildert het hele tafereel op de muren en wanneer de koning, de prinses en de kapitein langs komen lopen komt het hele verhaal uit. De kapitein wordt met acht paarden uit elkaar getrokken.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.], 1979

Commentaar

september 1971
Op de bandopname van Poortinga is te horen dat Anders Bijma het vervolg, dat hij vroeger placht te vertellen, is vergeten (AT 0056E*).
The Rescued Princess

Naam Locatie in Tekst

Afrika    Afrika   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20