Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE244 - De kening en de husaar

Een sprookje (boek), september 1971

Hoofdtekst

De kening en de husaar
Dútslân hat altyd oerwinner west en dy woe altyd oarlogje. Doe wie der in kening yn Hannover, dat wie ek sa'n soldateman. Mar hy hie in husaar en dy komt yn in herberch en dy ferslacht allegear út dy kroech wei.
De oare moarnes dêr moast er by de kening ferskine. Doe sei de kening tsjin him: "Hoe hast dat justerjûne han? Moatst my de wierheid fertelle." Hy fertelde de wierheid ek. Doe sei de kening: "Hjir hast in fjirtjin dagen ferlof en hjir stiet in moai hynder, dat nimst mar mei."
De oare moarnes siet er op 't hynder, mar wat de kening hat te dwaan: dy in eintsje de bosk yn en dêr kaam de husaar oan jeien.
"Ho!" sei de âld kening. Mar de kening hie him yn in jagerspak ferklaaid, dat de husaar koe him net.
"Bist deserteard?" frege de jager.
"Nee, ik ha in fjirtjin dagen ferlof fan 'e kening krige. En dû, âld stumper - ast graach wolst, moatst mar in eintsje mei my ride."
Se rieden in ein, en dêr moast de husaar út 'e broek. Doe sei er: "Wolst efkes op myn hynder passe."
"Jawol."
De âld kening it hynder, en de husaar wie út 'e broek. Hwat hat de âld kening te dwaan? Dy naait út. Doe raast er de kening efternei: "Hie 'k dy de kop mar ôfkapt, âld duvel ast biste! No bin 'k myn hynder ek noch kwyt."
Hawar, hy hie noch in fjirtjin dagen ferlof, dat hy reizge te foet fierder nei hûs ta. Underweis woe er earne oanstekke, mar doe belâne er by ûngelok yn in rovershol en dêr koe er net wer wei komme. Der wiene trije rovers en dy gongen der no en dan op út. As se dan weromkamen, moasten se troch in lûk hinne om der wer yn te kommen. Doe paste er goed op en de iene sloech er de kop ôf, doe de twadde en dêrnei de tredde ek noch. En doe hy mar wer fierder op hûs yn.
Op 't lêst kaam er werom fan syn ferlof en doe wie er ek noch in dei te let. Doe kaam er earst yn dyselde herberch dy't er al ris leech reage hie. De kening tocht wol, dat er dêr oanstekke soe, dat dy hie dêr in generaalspak hinne hingje litten en hy hie tsjin 'e kastlein sein: "As er no werom is en hy sliept by jim, dan stelle jim syn oare klean en dy bringe jim mar fuort. En hjir stiet in fijn hynder, in moaie wite skimmel. Dy jouwe jimme him mar mei."
"Goed."
De husaar giet dy jûnes op bêd en de oare moarnes komt er fan 't bêd ôf - dêr hong in generaalspak. Syn eigen klean seach er net mear. Op 't lêst die er dat generaalspak oan. Doe sei de kastlein: "Hjir stiet in moai wyt hynder, dat krigest ek mei."
Dêr kaam er oan riden en elk saluearde foar him. Hy tochte, wat straf as ik krij, ik wit it net. En dêr fertelden se de kening, dat de husaar wer thús wie. Dat dêr moast er op buro komme. Doe't er foar de kening ferskynde, moast er krekt fertelle, hoe 't it gongen wie.
"No," sei er, "earst yn dat kafé fersloech ik gâns en doe krige ik in fjirtjin dagen ferlof fan 'e kening. Underweis wie der in âld man en dy sette ik op myn hynder en dy naaide mei myn hynder út."
Doe frege de kening: "Soest dy keardel wol werkenne?"
"Jawol!"
En de kening lit syn mantel falle en doe sei de husaar: "Dû bist dy âlde duvel - ik sil dy fuortynienen de kop ôfkappe!"
Mar dêr lit er de twadde mantel falle, en doe seach de husaar, dat it de kening wie.
Doe sei de kening: "No bistû heden generaal."
En dêr hie de âld kening in knap frommis. Hy sei: "Soest dizze wol ha wolle ta frou?"
"Jawol."
Doe krige er dy knappe faam ta frou en hy wie generaal.
(Opgetekend: september 1971)

Onderwerp

AT 0952 - The King and the Soldier    AT 0952 - The King and the Soldier   

ATU 0952    ATU 0952   

Beschrijving

Een koning van Hannover heeft een huzaar in dienst. Hij geeft hem verlof en hij mag een paard meenemen. De volgende ochtend gaat de huzaar op weg. De koning heeft zich als jager verkleed en wacht hem in het bos op. De huzaar vraagt hem op het paard te passen, maar de jager gaat er vandoor. De huzaar trekt verder en komt bij een roverhol. Hij doodt de rovers en gaat terug naar het kasteel. Onderweg slaapt hij in een herberg. De koning heeft daar een paard en een generaalspak voor hem klaar laten maken, en de volgende ochtend gaat de huzaar met generaalspak en paard naar het kasteel. Hij moet de koning precies vertellen hoe het gegaan is. De huzaar vertelt de waarheid en de koning maakt hem generaal en hij mag met een mooie jonkvrouw trouwen.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.], 1979

Commentaar

september 1971
Op de bandopname van Poortinga is te horen dat Anders Bijma het vervolg, dat hij vroeger placht te vertellen, is vergeten (AT 0056E*). Zie ook It Heoitelân 1954, p.188-189
The King and the Soldier & AT 0956 Robbers' Heads Cut off One by One as they Enter House

Naam Locatie in Tekst

Hannover    Hannover   

Dútslân    Dútslân   

Duitsland    Duitsland   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20