Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE249 - It hat mar ien kop koste

Een sprookje (boek), dinsdag 23 november 1976

Hoofdtekst

It hat mar ien kop koste
Us heit wie smid yn 'e Kompenije (Drachtster Kompenije). Doe't ik sa'n jonge wie, kaam in âld boer, Jan van der Veer, wol by ús, tegearre mei syn broer. Hy wenne boppe yn 'e Kompenije oan 'e Dwarswyk. Dat wie in ein it lân yn, op 'e rûmte. In âld wyt hynder hie er en dat moast op fjouweren. Dan brocht ús mem foar elk fan dy mannen in stoel. Se gongen der foar sitten en ús heit begûn it hynder te beslaan. Wy stienen der by en dan fertelde Jan ferhaaltsjes. Dêr haw ik ien fan ûnthâden en dat gong sa:
Der wie ris in kening en dy siet altyd yn 'e jildkrapte. Altyd en ivich wie de skatkiste leech. Op in kear lei er dêr de hiele nacht oer te prakkesearjen. Ier yn 'e moarntiid gong er fan 't bêd, en doe rûn er it lân yn. En dêr trof er in boer. Dy boer wie oan 't wurk en dêr song er by.
De kening gong nei dy boer ta en sei tsjin him: 'It is al raar—dû bist hjir dreech oan 't wurk en dû sjongst it heechste liet, en ik bin de kening en ik haw it altyd swier —ik wit my gjin rie fan 'e soargen, want myn skatkiste is ivich en erflik leech'.
De boer sei: 'Dat moat wol oars kinne'.
Doe praten se ôf, dat se soenen in jier lang ruilje. De kening waard in jier lang boer en de boer soe in jier kening wêze. No, dat gong oan. En doe't it jier om wie, kaam de kening wer yn it paleis en hy kaam yn 'e keamer dêr't de boer siet dy't dan in jier kening west hie. Dy siet mei 't gat op 'e skatkiste, want de skatkiste koe net earlik mear ticht. sa fol wie er.
'Dit is in wûnder'. sei de kening,'hoe hast dat hân?'
Doe sei de boer: 'It hat mar ien kop koste. Sjoch, ik ha earst de earste minister by my komme litten. Ik sei tsjin de earste minister: Hoefolle fertsjinnestû? No, dy man sei: safolle.
Ik frege him: Kin dat ek foar de helte minder?
Nee, sei de earste minister, nee, dat kin net!
Doe ha'k de beul besteld en dy ha 'k de earste minister de kop ôfslaan litten. En dy minister bleau dêr lizzen, de kop der njonken.
Doe ha 'k de twadde minister komme litten. Ik sei tsjin dy twadde minister: Hoefolle fertsjinnestû? Safolle.
Kin dat ek foar de helte minder?
Dy twadde minister seach de earste minister dêr wol lizzen sûnder kop. Hy sei: Ja, dat kin wol!
Doe ha 'k de tredde minister komme litten. Hoefolle fertsjinnestû? Safolle.
Kin dat ek foar de helte minder?
Dy tredde minister seach dy earste minister dêr ek sûnder kop lizzen, en hy sei:
Ja, dat kin wol foar de helte minder!
No, en sa ha 'k it hân. Allegearre navenant. Elkenien dy't by de kening yn tsjinst is foar de helte minder. En no, nei in jier, kin de skatkiste net mear ticht, safolle jild sit der yn'.

Beschrijving

Er was eens een koning die altijd geld tekort kwam, de schatkist was altijd leeg. Op een keer kwam hij een boer tegen, waarmee hij afsprak om een jaar te ruilen. De boer zou een jaar koning zijn en andersom. Na een jaar kwam de koning weer terug in het paleis, en de schatkist zat zo vol dat de boer erop moest zitten en dan wilde hij nog niet dicht. Toen de koning wilde weten hoe dat gelukt was, zei de boer dat het maar één kop had gekost. Hij had de eerste minister gevraagd of hij voor de helft kon werken en toen die nee zei, had hij hem de kop afgehakt. Toen de andere ministers daarna de onthoofde minister hadden gezien, wilden zij wel voor de helft werken en zo had de boer en heleboel geld gespaard.

Bron

Ype poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.] 1979, blz.259-260

Commentaar

23 november 1976

Naam Overig in Tekst

Drachter Kompenije    Drachter Kompenije   

Jan van der Veer    Jan van der Veer   

Naam Locatie in Tekst

Dwarswyk    Dwarswyk   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20