Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE252 - Goud waaksje litte

Een sprookje (boek), dinsdag 25 april 1972

Hoofdtekst

Goud waaksje litte
In dief wie op 'e died betrape en waard foar de kening mei syn ministers brocht — it wie yn âlde tiden. De kening sei: 'Jo ha stellen!' 'Ja', sei de dief, ûntkenne hie gjin doel. 'No, jo witte wol', sei de kening,'wa't stellen hat wurdt ophongen'. No, dat wie net sa moai. De dief bûgde de holle, mar doe sei er: 'Ien ding is doch spitich, kening — ik ken in geheim en it soe in griis wêze as ik dat mei yn 't grêf naam. Dat soe ik foar myn dea noch graach oan ien fertelle, want it is in saak fan grut belang'.
'Jo meie it sizze', antwurde de kening.
'Ik kin goud waaksje litte', sei de dief.
'Goud waaksje litte? Fertel mar gau op, hoett dat yn syn wurken giet!'
'It is in gcheim en ik soe it in oar leare kinne. Wat er siedzje moat en hoe't er it siedzje moat, en alles wat er dan fierder te dwaan hat. Mar it is wol slim'.
'Lear it dan de earste minister mar', sei de kening, 'want wy hawwe ferlet fan jild'.
'Mar it is tige slim, kening', sei de dief, 'ik kin it allinnich mar immen leare dy't perfoarst earlik is. Hielendal earlik. Hy mei noait yn syn libben wat dien ha dat net earlik wie, want oars komt it net op. Mar dat is hjir fansels gjin beswier. Jim binne allegear earlike minsken'. De dief seach om him hinne, 'en de earste minister dêr hoecht alhiel net oan twivele te wurden. Lit my it him mar fertelle'.
De earste minister, dy't rjochts nêst de kening siet, skeukte hinne en wer op syn stoel. 'No', sei er,'no, hielendal earlik? Lêsten moast myn feint tolve stoeren fan my ha, mar ik ha him mar tsien útbetelle. Dat, o nee, ik ha leaver dat jo it in oar leare'.
'Dat is gjin beswier', sei de dief, 'der binne hjir mear ministers'. En hy seach de twadde minister, dy't lofts nêst de kening siet, stiif oan. Mar dy sei: No, hielendal earlik? Ik ha wol net stellen, mar ik ha wol ris liigd. Dat nee, ik moat mar gjin goud siedzje'.
De dief gong de rige bylâns, mar allegear betanken se foar de eare.
Doe sei de dief: 'Dat is allegear noch neat. Dan sil ik it de kening leare moatte. Dy is earlik, dat seit himsels'.
'No ja — no nee', sei de kening, 'dat moat doch mar net. It is wol net sa slim mei my, mar hielendal earlik, no nee. Lêstendeis stie der sa'n lekker stik taart op 'e tafel. Dat mocht ik net hawwe, want it wie foar de prinses. Mar sa gau as ik allinne wie, haw ik it opiten. Doe frege de keningin my: Hasto dat opiten? Ik sei: Nee! want ik skamme my. Jim sjogge. hielendal skjin op te lea bin ik ek net'.
'Dan is't al ferskriklik', sei de dief,'no moat ik ophongen wurde, omdat ik stellen ha en gjinien fan jim is sels earlik'.
'Jo ha gelyk', sei de kening, 'wy sille it foar diskear noch troch de fingers sjen'.

Beschrijving

Een dief wordt betrapt, en moet voor de koning en de ministerraad verschijnen. De koning zegt dat de dief opgehangen zal worden. De dief zegt dat hij een geheim kent, en dat het zonde zou zijn als hij het met zich mee in het graf zou nemen. Hij zegt te weten hoe men goud kan laten groeien. Alleen iemand die zijn hele leven volstrekt eerlijk is geweest, kan het leren. De dief gaat één voor één alle ministers af, maar allemaal hebben ze ooit wel eens gelogen of gestolen. Zelfs de koning is wel eens oneerlijk geweest: Hij heeft een stuk taart opgegeten dat voor de prinses bedoeld was. De dief zegt het vreselijk te vinden, dat hij wordt opgehangen wegens diefstal, terwijl de koning en de ministers zelf geen van allen eerlijk zijn. Daar heeft de koning niets op te zeggen. Hij geeft de dief gelijk, en laat hem vrij.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p. 262.

Commentaar

25 apr. en 13 dec. 1972

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20