Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE254 - It himd fan in lokkich man

Een sprookje (boek), woensdag 02 mei 1973

Hoofdtekst

It himd fan in lokkich man
Ja, der wurdt dan wol sein: 'sa lokkich as in prins', of: 'sa lokkich as in kening'. Mar mei it gelok fan prinsen en keningen falt it soms lang net ta. Der wie teminsten ris in kening, dy wie ryk en machtich, hy hie alles te bate en koe krije wat er ha woe, en doch fielde er him poer ûngelokkich. Hy wie ûntefreden, hy koe der net fan sliepe en op 't lêst waard er siik. Hy hie hjir en dêr al mastere, de bêste dokters om mankelikens te genezen hienen se al kom me litten, mar it joech him neat.
Der wie noch ien spesialist yn sok ding. Dy waard ek konsultearre en hy wie syn rie allyksa te'nein. Hy prakkesearre him staf en doe sei er: 'Kening, der is noch ien middel'. 'En dat is?' frege de kening. 'Jo moatte sjen, dat jo it hemd krije fan in lokkich man — fan ien oan waans gelok neat ûntbrekt. Dat himd moatte jo oandwaan en dêr moatte jo yn sliepe. Dat sil jo it gelok bringe'.
No, de kening liet syn tsjinstfeinten foar him komme. Hy sei: 'It hiele lân trochswalkje en alle minsken freegje, oft se lokkich binne, hielendal lokkich . En treffe jim sa'nen, dan moatte jim him meinimme nei myn paleis'.
De tsjinstfeinten gongen op 'e sneup, meast by de riken, mar dat foel wat ôf. Hoe lang as se ek sochten, se fûnen gjinien dy't sei: 'Ik fiel my wier lokkich'. Altyd mankearre der wol wat oan, by de iene dit en by de oare dat. Immen sei bygelyks: 'Ja, it is oars wol goed, mar ik haw wat te min jild om 'e hannen'. In oarenien, dy't buorke, wie fan tinken: 'Om lokkich te wêzen, moast ik in pear kij mear hâlde kinne, mar it ûntbrekt my oan dit' (Hy makke de beweging fan jild tellen.). In arbeider ornearre: 'Och, ik ha wurk en dat is wol moai, mar lokkich bin 'k net, want ik kin der net komme, alles is like krap'.
De tsjinstfeinten hienen om 'e nocht it hiele lân ôfswalke en se wienen mei hingjende poatsjes op 'e weromreis, doe troffen se in bidler op 'e dyk. Se soenen him foarbyrinne, mar ien fan 'e tsjinners tocht, lit my dy skoaier ek noch mar ris freegje. Hy spriek him oan: 'Hoe sit dat, man, fiele jo jo lokkich?' 'Ja', sei de bidler 'ik fiel my lokkich!' 'ls dat wier?' fregen se, 'hielendal lokkich?''Jawis', sei er, suver ferbaasd, 'ik fiel my krekt sa't ik wêze moat. Alle dagen bin ik lokkich'. 'No, dan moatte jo mei nei 't keninklik paleis'. Twa man krigen him by in earm en fierden him mei. 'Mar, mar, mar . . .', aksele de man tsjin, 'wêrom dogge jim dat? Is it faaks ek al in misdied om lokkich te wêzen?' 'Nee, nee', antwurden de tsjinstfeinten, 'ha mar gjin noed. Jo sille it goed ha, mar jo moatte efkes mei nei de kening. Kom mar gau!'
Se brochten de skoaier foar de kening en seinen: 'Wy hawwe it hiele lân ôfsneupt, kening, en dit is de iennichste lokkige man dy't wy fûn hawwe'.
'Moai, moai!' sei de kening, 'man, ik moat jo himd oan ha. Sjoch, it is omreden, dakter hat my dat foarskreaun, en dan wurd ik ek lokkich'.
'Ja mar, kening', antwurde de man,'dat wie oars dûbel bêst, mei alle wille woe ik dat oan jo ôfstean, mar sjoch, ik ha gjin himd oan'.

Onderwerp

AT 0844 - The Luck-bringing Shirt    AT 0844 - The Luck-bringing Shirt   

ATU 0844    ATU 0844   

Beschrijving

Een koning voelt zich ongelukkig. Een dokter adviseert hem, om het hemd van een gelukkig man aan te trekken. Dan zal de koning zelf ook weer gelukkig worden. Hij stuurt zijn dienstboden het hele land door, op zoek naar gelukkige mensen. De enige gelukkige die ze vinden, is een arme bedelaar. Deze draagt echter geen hemd.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p. 266.

Commentaar

2 mei 1973
The Luck-Bringing Shirt

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20