Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE257 - It hie minder kinnen

Een sprookje (boek), woensdag 16 oktober 1974

Hoofdtekst

It hie minder kinnen
In hear hie syn feint fuortstjoerd mei hynder en koets om mei mefrou earne hinne te riden. In set letter kaam de feint allinnich en geandefoet werom.
De hear frege: 'Jonge, wat is der foarfallen?''No', sei de feint. dat hie minder kinnen—ik bin hjir yn alle gefal wer'. 'Ja', sei de hear, 'mar wêr is al it oare?''Sjoch ris mynhear', sei de feint, 'ûnderweis is it hynder stroffele'. 'En', woe de hear witte, 'wie er dea?' 'Nee', antwurde de feint, 'hy kaam wer oerein, en doe soenen wy fierder. Allinnich, doe is er doch wer fallen—hy hie de poat stikken, sa 't neitiid bliken die. It hynder foel' en wy wienen krekt op in min plak yn 'e wei, en doe foel de koets ek om. Ja, it wie wol slim, want it hynder rekke dea'.
'En hoe gong it mei mefrou?' woe mynhear witte. De feint ferfette: 'Ja, no, de koets, no ja, de koets is ek skansearre, teminsten dy krige ek skeel - der wienen twa tsjillen brutsen'. 'Jamar', sei mynhear, 'dan wie dy koets ommers hielendal kapot!' 'Ja', antwurde de feint, 'sa kin men it feitlik al neame— der is net folle fan oerbleaun. Hy is eigentlik fernield, sjoch!'
Doe koe de hear him net mear bedimje: 'Mar sis dan—hoe is't mei mefrou?' 'No', sei de feint, 'ja, dat hie ek minder kinnen. Se hie in foet brutsen, die bliken, doe't wy har út 'e oerbliuwsels fan 'e koets hellen, en doe is se by minsken ynbrocht. En letter, doe't wy de boel oprêden hienen, doe wie 't sjesa, doe wie dat minder wurden mei mefrou. Dat, ja, mefrou is der oan stoarn'.
'Stomme keardel!' rôp mynhear, 'dêr hiest ek wol mei begjinne kinnen!'
Mynhear wie rare oerstjoer, mar mei de feint gong er nei it plak ta dêr't ien en oar foarfallen wie en it blykte krekt sa te wêzen as de feint meidield hie.
'Mar wêrom seist my dat niis dalik net', frege mynhear oan 'e feint.
'No, sjoch ris, mynhear, ik woe jo de deaskrik net op 'e lea jeie en dêrom haw ik it jo stikje by bytsje ferteld'.

Onderwerp

AT 2040 - The Climax of Horrors    AT 2040 - The Climax of Horrors   

ATU 2040    ATU 2040   

Beschrijving

Een knecht moest de vrouw in een koets ergens heenbrengen. Maar hij komt lopend en alleen weer terug. Als de heer vraagt wat er is gebeurd, dan verteld hij stukje bij beetje dat het paard gestruikeld is en daarna nog een keer gestruikeld is en toen dood was. Dat de koets omgevallen is en helemaal vernield is. De heer wil ondertussen de hele tijd weten hoe het met zijn vrouw gaat. De knecht vertelt eerst nog hoe ze uit de koets is gehaald en naar een vrouw is gebracht, en uiteindelijk vertelt de knecht dat de vrouw gestorven is. De heer trekt alles na en vraagt uiteindelijk waarom de knecht dat niet meteen vertelde. De knecht wou de boer niet de doodschrik geven.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.] 1979, blz.269-270

Commentaar

16 oktober 1974
The Climax of Horrors

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20