Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE259 - De útfinder fan it skaakspul

Een sprookje (boek), woensdag 14 maart 1973

Hoofdtekst

De útfiner fan it skaakspul
Der wie ris in kening, dy ferfeelde him altyd sa bot. Alle spultsjes dy't se mar dwaan koenen, hie er al sa faak dien; alle ferhaaltsjes dy't syn fertellers wisten hie er al sa faak heard—der wie eigentlik neat mear dat him noch ferdivedearje koe.
Doe kaam dêr in frjemdling oan it hof en dy frege de kening te sprekken. `Jo ferfeelden jo altiten sa, haw ik heard', sei de frjemde man, 'dat is ek neat gjin wûnder foar in man mei sa'n ferstân as jo hawwe, mar no ha ik in middel betocht om fan 'e ferfeling ôf te kommen'.
'Dan woe ik wol ris witte, wat dat wêze kin', sei de kening.
'Ik sil it jo hjir foarspylje en dan moatte jo mar ris sjen', ornearre de frjemdling.
Doe spilen se dêr in dei mei dat nije spul, in spul dat op in boerd mei fjouwerensechstich ruten spile wurde moast. Dat wie in skaakspul.
Doe't de dei om wie, hie de kening noch syn nocht net. 'Dit is geweldich!'sei er, 'jo hawwe my yn ien kear fan myn ferfeling ôfholpen. Wat moatte jo fan my hawwe, want ik wol jo hjir graach in goede beleaning foar jaan! Sis mar, wêr't jo sin oan hawwe'.
'Kening, jo hoege der my neat foar te jaan, mar as jo mei alle geweld my wat ta hawwe wolle, dan mei ik dêr gjin beswier tsjin meitsje. Dan jouwe jo my foar it earste fekje fan it boerd ien kerrel weet, foar it twadde fekje twa kerrels, foar it tredde fekje fjouwer, foar it fjirde acht, en sa ferdûbelje jo mar troch, oant jo alle fjouwerensechstich ruten hân ha'.
'Mar man', rôp de kening, 'dat is sa gering, it is de muoite net wurdich. Wolle jo net mear ha?'
'Nee', sei de man,'mear hoech ik net'.
Dat is ek in simpele siel, tocht de kening by himsels—no kin er krije wat syn hert begeart, it kostberste fan it kostberste, en yn pleats dêrfan freget er... no ja, miskien in sek weet, mar dêr hâldt it dan ek hurd mei op. Mar hawar—de kening joech syn tsjinners oarder om oan de man syn winsk te foldwaan.
Mar wat die doe bliken? Yn syn ryk, ja op 'e hiele wrâld net, wie gjin weet genôch om de man te jaan wat er frege. As er dat krije soe, dan moast de weet wol in finger tsjok oer it hiele ierdryk lizze. Skuorren om al dy weet te bergjen wienen der ek te min.

Onderwerp

AT 2009 - Origin of Chess    AT 2009 - Origin of Chess   

ATU 2009    ATU 2009   

Beschrijving

Er was eens een koning die zich altijd verveelde. Op een dag kwam er een vreemdeling die voor de koning het schaakspel had uitgevonden. De koning was helemaal gelukkig en wilde de man alles geven wat hij wilde. De man vroeg alleen 1 korreltje graan voor het eerste vakje, 2 korreltjes graan voor het tweede vakje, 4 korreltjes graan voor het derde vakje enzovoort. De koning dacht dat de man gek was dat hij zo weinig vroeg terwijl hij alles kon hebben. Maar het bleek dat als de koning alles uit zou betalen dat er in de hele wereld niet genoeg graan zou zijn om hier aan te voldoen.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.] 1979, blz. 271

Commentaar

14 maart 1973
N.B.: de rekensom komt uit op ruim 18 triljoen graankorrels (afgerond: 18.446.744.070.000.000.000). De benodigde hoeveelheid akkerland moet (afhankelijk van technologie) al snel in de miljoenen hectaren lopen.
Origin of Chess

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20