Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE260 - Ôfrekkenje

Een mop (boek), vrijdag 21 oktober 1977

Hoofdtekst

Ôfrekkenje
Der wienen ris trije mannen, dy troffen inoar geregeldwei yn in herberch. Se namen altyd in pear sûpkes op en dy lieten se opskriuwe op ien rekken. Doe soenen se dan nei in healjier mar ris mei de kastlein rekkenje. Mei har trijen hienen se 33333 slokjes hân.
'No', sei Gabe, dat wie de opperteur, 'dan sil ik ris efkes útrekkenje, hoefolle slokjes as wy de man betelje moatte'. Hy sette dy dieling op papier. Trije op 'e trije, dat wie ien. Hy sette in plat streekje. Noch ris trije op te trije: der kaam, fan 'e lofterkant fan it platte streekje ôf in skean streekje ûnder. Wer trije op 'e trije: der kaam fan 'e rjochterkant fan it platte streekje wer in skeanen-ien ûnder, sa dat de skeane streekjes ûnder byinoar kamen. Doe foar de fjirde kear trije op 'e trije—dat joech wer ien: wêr't de twa skeane streekjes byinoar kamen, dêr kaam rjochtstandich in streekje ûnder. De lêste kear trije op 'e trije kaam fansels ek in ien út en dy sette er as in plat streekje ûnder it rjochtstandige streekje.
'Sjoch', sei Gabe tsjin 'e kastlein, 'wy hoege de man mar ien romerfol te beteljen'.

______
\ /
\ /
\ /
|
|
___|___

Beschrijving

Drie mannen laten hun drankjes altijd op een rekening zetten. Na een jaar hebben ze in totaal 33333 drankjes gehad. Een van de drie zal wel even uitrekenen hoeveel ze per persoon moeten betalen. Hij komt uit op 1 drankje per persoon [De vijf streepjes die de 11111 drankjes per persoon vormen, worden zo geplaatst dat er een tekening van een wijnglas ontstaat].

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.] 1979, blz. 271-272

Commentaar

21 oktober 1977

Naam Locatie in Tekst

Gabe    Gabe   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20