Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE276 - De Karre

Een broodjeaapverhaal (boek), maandag 04 september 1978

Hoofdtekst

De karre
Ut 'e lêste oarlochswinter (1944-45) haw ik ris in ferhaal heard fan myn broer. Oft it wier bard is, wit ik net, mar hy fertelde it my alas wie it wier bard. Jim witte wol, dat de measte minsken yn 'e grutte stêden yn 't westen doe sawat fan 'e honger omkamen en party hawwe it hielendal net kropje kinnen.
Doe wienen der yn Amsterdam in man en syn âldste dochter, dy ornearren: 'Wy moatte der tegearre mar ris op út, want oars stjerre mem en ús broerkes en suskes ek noch'. Se krigen in âlde skoukarre en dêr rieden se mei it noarden yn. It doel wie de Noardeastpolder, want se hienen heard, dêr wie noch it measte aventoer om oan wat iten te slagjen.
Se binne de hiele dei ûnderweis en as it jûn wurdt, sizze se: 'Wy moatte dalik mar sjen, oft wy ek by in boer sliepe kinne. Jûn krije wy doch neat mear. Se ride noch in eintsje en se sjogge al in pleats foar har, dêr't se it besykje wolle, mar dan falt ynienen dy man dea del efter de skoukarre. Syn dochter wit him mei lijen op dy platte karre te krijen en se bestoppet him ûnder har mantel en ûnder de sekken dy't se meinommen hienen.
Dêr stiet dat fanke alhiel ferslein oan 'e kant fan 'e dyk. Op't lêst tinkt se, ik moat doch it iene of 't oare. Ik riid mar nei dy pleats ta en freegje de boer, oft ik dêr fannacht sliepe mei, want ik kin ek net mear. Se komt dêr. It is in goedmienende boer. Hy freget nearne nei, want hy sjocht sa wol, wêr't it dat bern om te rêden is. En dan freget se: 'Mei ik hjir fannacht wol sliepe?' 'Jawol', seit er, 'hjir sliepe wol mear. Lit de karre mar oer de skuorreed stean. Jou do dy mar del—sjoch, dêrre op dy golle. Dêr lizze al ferskate en der bart fierder neat. Do rêdst dy mar!' It fanke is bliid ynsafier. Se klattert op dy golle en jout har del tusken al dy minsken. En al hoe raar as it der foar stiet, de natuer is sterkst, se is skjin te'n ein en falt ridlik gau yn in djippe sliep.
De oare moarns betiid is har earste gedachte it lyk fan har heit op 'e karre. Ik moat mar gau fuort, tinkt se. Se komt fan 'e golle, en . . . dan mist se de hiele karre! In pear sliepers wienen wekker wurden, doett sy dêr de jûns oankaam. Se tochten, sjoch, sy hat al aardich wat op dy karre lizzen. Dat doe't elkenien sliepte, yn 't poertsjuster, kroepen dy twa út it hea en rieden der sa stil mooglik mei fuort. It fanke hat der noait wat fan heard en wêr't it lyk keard is, dat sil wol altyd in riedsel bliuwe.

Beschrijving

Tijdens de oorlog gaan een meisje en haar vader met een kar naar het noorden op zoek naar eten. Tegen het donker zijn ze zo moe dat ze besluiten bij een boer te overnachten. Dan sterft haar vader echter en het meisje hijst het lijk op de wagen en bedekt het met zakken. Ze gaat naar de boer en mag op de zolder slapen. De wagen laat ze staan. Als ze volgende ochtend wakker wordt is de kar verdwenen, met het lijk van haar vader.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.] 1979, blz.287

Commentaar

4 september 1978

Naam Locatie in Tekst

Amsterdam    Amsterdam   

Noardeastpolder    Noardeastpolder   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20