Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE278 - Lifte yn 'e babydoll

Een broodjeaapverhaal (boek), donderdag 05 oktober 1978

Hoofdtekst

Lifte yn 'e babydoll
Jo hawwe it oer autoferhalen — no komt my noch wat yn 't sin. Dat is in ferhaal, dêr haw ik it doe mei Folkertsma oer hân en Folkertsma hat neitiid sa likernôch itselde ferhaal noch ris fan Jan Piebenga heard*. Wy binne doe noait op it idee kammen, dat it in folksferhaal wêze koe. Dat sil no sa'n tweintich jier Iyn wêze.
In nicht fan my wurke doedestiids by dr. Brons, in chirurch te Ljouwert Se fertelde: Kunden fan dokter Brons hawwe doch sa'n gek aventoer belibbe! Net slim hear, nee, it is komysk. Se wienen tegearre op fakânsje yn Frankryk, in man en in frou. De karavan hienen se efter de auto. Op in kear moasten se in moai keal en iensum ein ride. De frou waard wurch en slûch, dat se sei: 'Ik jou my mar in skoftsje del'. Se gong yn 'e karavan, klaaide har út, de babydoll die se oan — dat wie doe de moade — en gong op it bêd lizzen. Men mei leau 'k net yn in ridende karavan wêze, mar hawar, se die it.
En wat bart der? Op in stuit tinkt dy man, der mankeart wat oan myn auto. Dat hy bliuwt stean en docht de motorkap omheech. Dêr wurdt de frou wekker fan. Se moat winliken nedich de boskjes yn. Se tinkt, it kin, hy stiet doch, ik wip der efkes út. Lang hat se net wurk, mar se is noch net werom, of dêr sjocht se de hiele saak fuortriden Se draaft der noch in Iyts eintsje efteroan, se swaait en ropt, mar it is om 'e nocht, har man fernimt neat.
Dêr stie se yn 'e babydoll oan 'e kant fan 'e wei, midden op 'e romte. Wat moast se? No, mar lifte, al wie se der dan net op klaaid. Sinten noch neat hie se by har. Al ridlik gau krige se in lift — ik leau fan in pastoar. En dy hie de measte wille, doe't se him it gefal útlei. Hy hat gas setten en by myn witten ha se har man wer ynhelle.
Ik fertelde dit ferhaal doe ûnder oaren oan ús húsdokter en dy sei: 'Dit komt my bekend foar. Neffens my ha 'k sokssawat yn ús artseblêd lêzen'.
Mar likegoed ha wy noait oan in folksferhaal tocht.
* E.B. Folkertsma en J. Piebenga, bekende persoanlikheden yn Fryslân. Beide al ferstoarn.

Onderwerp

BRUN 01105 - The Nude in the RV    BRUN 01105 - The Nude in the RV   

Beschrijving

Terwijl haar man achter het stuur zit, ligt een vrouw in de caravan, die achter de auto hangt, op bed. Als de man stopt om onder de motorkap te kijken of alles in orde is, maakt de vrouw van de gelegenheid gebruik om even de bosjes in te gaan. De man heeft niets in de gaten en rijdt weg. De vrouw moet nu in haar babydoll gaan staan liften. Ze wordt opgepikt door een pastoor, die de echtgenoot weet in te halen.
Dit verhaal stond ongeveer twintig jaar geleden in het artsenblad.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p.291.

Commentaar

5 oktober 1978
The Nude in the RV

Naam Overig in Tekst

Folkertsma    Folkertsma   

Jan Piebenga    Jan Piebenga   

dr. Brons    dr. Brons   

Naam Locatie in Tekst

Leeuwarden    Leeuwarden   

Frankrijk    Frankrijk   

Friesland    Friesland   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20