Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE279 - De liftster

Een broodjeaapverhaal (boek), zondag 21 oktober 1979

Hoofdtekst

De liftster
Yn Oerterp moat in jong frommiske yn in auto west ha, dy seach dat in âld minske nei de bushalte ta rûn, mar de bus ried krekt fuort. No, it begrutte har sa om it âld sloof, want men koe wol sjen dat se min op 'e gong wie en se tôge mei in swiere tas — dêrtroch hie se de bus ek net mear helle. 'Jo binne te let', sei se. 'Ja', sei it âld minske, en it gûlen stie har neier as it laitsjen, 'soe 'k ek mei jo ride kinne?' 'Wêr moatte jo hinne?' 'Nei 't Fean'. 'Dat treft dan moai, ik moat dy kant ek út. Dat stap mar yn'.
Mar ûnderweis tocht it frommiske efter it stjoer, wat eigenaardich, de hannen binne botte rûch foar in frommis! Dat is typysk. Se sei neat, mar wat langer as se der oer neitocht wat minder as se de boel stie. Sûnder dat it erch joech, naam se har selskip noch ris goed op. Nee, se stie it net.
It wie op 'e jûn en op in stuit sei se: 'Ik wit der neat fan — ik ha my wat ferlette, it wurdt tiid om 'e Ijochten op, mar ik leau net, dat it hielendal yn oarder is mei it Ijocht. Soenen jo even sjen wolle?' Mar doe begûn dat âld wiif te bearen. 'Ja fanke, ik haw it wol yn 'e rêkken — as ik der út bin, dan naaisto gau út'. 'Ja, as jo my net fertrouwe, dan hâldt alles op'. It minske wrotte der doch út. Earst foar sjen. Ljochten oan. 'Ja hear, dy brâne' 'No efter ek noch even sjen'. 'Ja, dat is ek klear'. Mar Afke — sa hiet dat fanke — joech gas en fuort wie se. De tas stie noch yn 'e auto. Se ried dalik nei de polysje: 'Sa en sa ha 'k it hân en hjir is de tas'. De polysje die de tas iepen: ynbrekkersspul — brekizers en tangen en al sok ark. Dit is in pear moanne Iyn bard en ik haw it fan myn skoansuster, dy wennet op Selmien ûnder Oerterp.

Onderwerp

VDK 0958K* - De rover op de wagen    VDK 0958K* - De rover op de wagen   

Beschrijving

Een meisje geeft een oude dame een lift. Ze wordt wantrouwig als ze ziet dat haar passagier mannen-handen heeft, en ze vraagt of de 'dame' even uit wil stappen om te controleren of de lichten het nog doen. Als ze buiten staat, rijdt het meisje gauw weg. De tas van de liftster staat nog in de auto, en blijkt allerhande inbrekers-attributen te bevatten.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p.292.

Commentaar

21 oktober 1979
Andere versie bij Ethel Portnoy
De Rover op de Wagen

Naam Overig in Tekst

't Fean    't Fean   

Afke    Afke   

Naam Locatie in Tekst

Ureterp    Ureterp   

Oerterp    Oerterp   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20