Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE281 - 'Baron' Ypma te Wiuwert

Een sage (boek), woensdag 12 januari 1972

Hoofdtekst

'Baron' Ypma te Wiuwert
Under de mannen dy't dan by de boeren kamen te sliepen, fan dy omswindlers, wie ien, dy neamden se altyd baron Ypma. Ek in ferlopen man, totaal fertutearzge. Mar doch hie er noch wat aristokratysks oer him; dêrfandinne dy bynamme. It wie in boargemasterssoan fan Warkum. Op in kear kaam er ek by ús yn 'e Hommerts en doe wie er mar frijwat mankelyk. Dat hie er wol mear oer him, as er gjin drank krije koe . En och, dêr yn 'e Hommerts wienen de Iju dan ek wer wat goederjousk. Hjir krige er in sint en dêr krige er in sint, en foar fiif sinten koenen se doedestiids al in buorrel keapje. Ypma sei — hy prate sawat stedsk —: 'Wat doen ik eigentlik oek in 'e Hommerts. Ik mut mar 'n borrel kope en dan gaan ik weer feerder'. En dat dyng er. Sa sutele er dy deis wat troch, it wie moai waar. En alle kearen as er fiif sinten byinoar hie, kocht er wer ien.
Sa kaam er de jûns te Wiuwert. Mar doe hie er al foar safolle stoeren hân, dat hy foel der foar Iyk hinne en wist fan 'e wrâld net mear ôf. De Wiuwerter jongfeinten woenen dêr in grap fan ha. Se seinen: 'Witt' jo wat — wy pakke him op en wy slepe him yn 'e grêfkelder!' Jim witte allegear wol, dat is dy ferneamde grêfkelder, dêr't mummys yn lizze, dy't net balseme binne, mar op in natuerlike wize útdruie. Dêr krige er syn plak tusken de liken en ien fan 'e alderdrystste jongfeinten gong der mei yn, om it stik fierder te spyljen, as de baron wer by syn sûpe en stút kaam. Mar hy moast wol geduld dwaan, want Ypma sliepte syn rûs prinshearlik út, dat doe't er wekker waard wie it al frijwat nachtlik.
De jongfeint tocht, no sil er daalk wol stjerrende benaud wurde. De jongkeardel dûkte ynelkoar en siet mei de kraach op, dat it mar nuver Iykje soe. Doe frege baron Ypma: 'Wie iddaar?' De jongfeint andere mei in swiere, holle stimme: 'Hier heerst de koning der doden!' en wie ôfgryslike benijd, wat dêrop folgje soe. Mar wat sei dy baron Ypma? - 'Dan binne jou hier beter bekend as ik. Foar hoefeul kope je hier 'n borrel?'

Onderwerp

AT 0835A* - Drunk Man in the Mine    AT 0835A* - Drunk Man in the Mine   

ATU 1706E    ATU 1706E   

Beschrijving

Jongens uit Wiuwert willen een grap uithalen met een dronken zwerver, die baron Ypma genoemd wordt. Ze slepen hem naar een grafkelder. Eén van de jongens roept dat hij de koning der doden is. Ypma antwoordt: "Dan ben je hier beter bekend dan ik. Voor hoeveel koop je hier een borrel?"

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p. 297.

Commentaar

12 januari 1972
Drunk Man in the Mine

Naam Overig in Tekst

Baron Ypma    Baron Ypma   

Naam Locatie in Tekst

Workum    Workum   

Hommerts    Hommerts   

Wiuwert    Wiuwert   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20