Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE282 - Kriich yn 't iten

Een sprookje (boek), zaterdag 19 augustus 1972

Hoofdtekst

Kriich yn 't iten
Grutte Oege en Lytse Oege wienen feint by deselde boer. Grutte Oege koe ôfgryslik ite. Lytse Oege mocht syn poarsje ek wol, mar fansels, hy koe folle minder bergje. Op in kear: sei de boer: 'Jim binne beide baas iters, mar jimme moasten ris tsjiumekoar ite. Dan kin Lytse Oege ek ris sjen litte, wat er op kin'. No, dat moast dan mar wêze.
Allebeide krigen se in hiel grut miel foar har. Lytse Oege tocht, ik bin wol net safolle mâns as Grutte Oege, mar ik bin snoad. En hy bûn himsels in sek om 'e hals.
Dêr gong it hinne. Grutte Oege wie der foar sitten gongen, en dy iet ferskriklik. Hy seach noait op. Lytse Oege siet ek by de tafel en hy bearde mar dat er iet. Mar hy skepte de hiele boel yn 'e sek. Hy hie de panne noch earder leech as Grutte Oege.
'Hè, wat kinsto ite!' sei Gruite Oege. 'Ja', sei Lytse Oege, 'dat ha 'k dy al sein — der is gjinien dy't tsjin my ite kin'.
Nimmen hie sjoen, wêr't it iten bedarre wie. Letter fertelde er oan 'e boer, hoe't er it hân hie. 'Sisoa', sei de boer, 'no is dy Grutte Oege de mûle ek ris stoppe, want hy die oars net as pochen en blazen. No bisto ek ris de baas'.

Onderwerp

AT 1088 - Eating Contest    AT 1088 - Eating Contest   

ATU 1088    ATU 1088   

Beschrijving

Twee boerenknechten houden een eetwedstrijd. De één gebruikt een list: in plaats van het eten op te eten, stopt hij het in een zak die hij om zijn nek heeft gehangen. De ander heeft niets in de gaten.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p.

Commentaar

19 augustus 1972
Eating Contest

Naam Overig in Tekst

Grutte Oege    Grutte Oege   

Lytse Oege    Lytse Oege   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20