Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE286 - Hoe't Koudum oan syn namme kommen is

Een mop (boek), maandag 05 juni 1972

Hoofdtekst

Hoe't Koudum oan syn namme kommen is
Te Koudum siet ris in ploech manlju byinoar om 'e hurd. Us heit fertelde wol, wêr't it wie — op it rjochthûs, leau ik. Se sieten ticht om it fjoer, want it wie kâld. It fjoer lôge heech op, mar alhiel noflik sieten se net — fan foaren skroeiden se hast en fan efteren koenen se amper de waarmte hâlde. Mar it fjoer sette ta en doe koenen se de gloede net mear ferneare. Se seinen: 'Set der mar in rychje kâlde om (turven bedoelden se), dat keart de gleonens wat ôf'. Se stâlden in foech muorke fan turven moai bûten om it fjoer hinne en doe wie it wer te hurden.
Se praten troch en tochten net om it hurdfjoer. Mar it duorre net mâle lang, doe stie dat nije muorke fan turven wer yn 'e brân en no wie de gleonte noch tichier by har. 'Set der noch mar ris in rychje kâlde om!' seinen se.
Dat holp earst al, mar mei in skoftsje baarnden dy wer like fûl en doe rôpen se op 'e nij fan: 'Kâlde om!' Se bouden wer in muorke fan kâlde turven bûtenom, mar it fjoer waard sadwaande wat langer wat grutter, dat se wienen ferlegen.
De hûn lei dêr ek by it fjoer. Op in stuit seagen se, dat dy in ein efterútskikte. Se seinen: 'Hea ja, dát moasten we dwaan ommers! Wy sitte hjir by dat grutte fjoer hast te ferbaarnen. In eintsje efterút, dan is 't foarinoar'.
Dat waard bekend dêr yn 'e omkriten, en as de minsken fan oare plakken de Iju fan dat doarp in bytsje narje woenen, dan rôpen se fan: 'Kâlde om!' En dêr hat Koudum syn namme fan krige.

Onderwerp

AT 1325A - The Fireplace Gives too Much Heat    AT 1325A - The Fireplace Gives too Much Heat   

ATU 1325A    ATU 1325A   

Beschrijving

Een groepje mannen in Koudum zit rond de haard. Terwijl ze van voren bijna wegschroeien, hebben ze het van achteren nog koud. Omdat de hitte ondraaglijk wordt, bouwen ze een muurtje van koude turfblokken om het vuur heen, dat houdt het een beetje tegen. Het muurtje vliegt echter in brand. Ze bouwen een tweede muurtje, maar dat vat ook vlam. Ze roepen: "Kâlde om!" om aan te geven dat er weer een nieuw muurtje van koude blokken gemaakt moet worden. Sindsdien roepen de inwoners van dat dorp "kâlde om!" als mensen uit andere plaatsen te dicht in de buurt komen. Zo is Koudum aan zijn naam gekomen.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p.

Commentaar

5 juni 1972
The Fireplace Gives too Much Heat

Naam Locatie in Tekst

Koudum    Koudum   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20