Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE288 - It spegeltsje

Een sprookje (boek), oktober 1971

Hoofdtekst

It spegeltsje
Der wienen ris in âld mantsje en in âld wyfke, dy libben o sa ienfâldich en primityf. Se wisten net, watfoar geriven der yn 'e wrâld wienen. Se wisten fan alles neat. Op in kear wie de man oan 't hakjen op syn hoekje bou en doe tocht er, hea wat leit dêr in moai stikje glês te glinsterjen! Hy krige it yn 'e hannen, fage de modder der ôf oan 'e broek en seach der yn. Hy tocht, ferdikke noch ta — dit is ús heit! Och, wat bin 'k dêr bliid mei! Hy prakkesearde der efkes oer nei en doe ornearre er, it kin my neat skille, mar dit fertel ik myn wiif net. Altyd in grutte bek, my oeral om útgnize en altyd mar baasspylje wolle. Né, ik stopje it fansiden.
En doe iderkearen gong hy nei it plak dêr't er dat stik glês — it wie in spegeltsje — út 'e wei brocht hie, om syn heit efkes te sjen. Mar hy hie wat in neigeanich wiif, en it duorre net lang, doe tocht it âld minske, der is wat mei him, dat mist my net. Hyltyd giet er temûk nei dat plak, dêr hat er grif wat. En doe't er wer nei it lân wie, sy alles ôfsykje, en ja wrachtich, dêr fûn se dat stikje glês. Se seach der yn en doe sei se: 'Och heden noch ta, dit kin ik my net begripe! No slacht er mei in oar frommis om op syn âlde dei. En dan ek noch mei sa'n raren-ien!'

Onderwerp

AT 1336A - Man does not Recognize his own Reflection in the Water (Mirror)    AT 1336A - Man does not Recognize his own Reflection in the Water (Mirror)   

ATU 1336A    ATU 1336A   

Beschrijving

Een oude man vindt een spiegel. Hij herkent zijn eigen spiegelbeeld niet, en denkt dat het zijn vader is die hij voor zich ziet. Iedere dag gaat hij even bij 'zijn vader' langs. Zijn vrouw vertrouwt het zaakje niet. Ze achtervolgt hem, en vindt de spiegel. Ook zij herkent haar eigen reflectie niet, en denkt dat haar man haar bedriegt met een andere vrouw. "En dan ook nog met zo'n raar mens!", zegt ze.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p.

Commentaar

oktober 1971
Man does not Recognize his own Reflection in the Water (Mirror)

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20