Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE289 - Truc

Een mop (boek), maandag 13 december 1976

Hoofdtekst

Truc
Te Grou lei in skûtsjeskipper, dy foer mei in soan. It wie yn 'e stille tiid, sa om Ljouwerter merke hinne, wol 'k leauwe. De soan — wy sille him mar Rein neame — wie nedich oan in fersetsje ta. Yn 'e stêd draaide in film, dy hiet 'Truc'. Dêr soe Rein dan mar hinne. It wie prachtich waar, dat hy gong op 'e fyts.
Jirnsum foarby, op 'e grutte dyk, krige er selskip fan in hannelsreizger. Hannelsreizgers fytsten doe noch — it is al eventsjes Iyn. Rein rekke op 'e tekst oer wat er yn 't sin hie. 'Truc', dat moast dan sa'n moaie film wêze. Dêr praten se wat oer, sa ûnder it fytsen wei. Doe frege de reizger: 'Witst wol wat truc is?' Hy hie fernommen, dat er it net mei ien fan 'e snoadsten te dwaan hie. No nee, Rein hie der wol oan, dat er útlizze koe, wat truc wie. 'Witst wat, wy stappe efkes ôf en dan sil 'k dy dat netsjes sjen litte', sei de reizger. Se setten de fyts tsjin in beam.
It wie krekt by in kilometerpealtsje. De reizger lei der syn hân op en sei: 'No moatsto der mei de fûst op slaan, sa fûl ast kinste'. Rein seach him ris oan. Hy hie aardich wat yn 'e bouten. 'Ja, doch it mar', sei de man, 'doch it mar!' Rein sloech ta, en dat wie: bang! Op it pealtsje, want de reizger hie op it alderlêste stuit de hân der wei sknord.
'Sjoch, dat wie no truc', sei de reizger, doe't it mei Rein syn pine in bytsje bykommen wie. 'O', sei Rein. Se stapten wer op 'e fyts en te Ljouwert gong elk syn wegen.
De jûns oan board lei Rein oan syn heit út, hoe't de film ynmekoar siet. Prachtich hie it west. 'Ja', frege de heit, doe't Rein útferteld wie, 'mar wat is no eigentlik krekt truc?''Dat hie 'k op 'e hinnereis al leard fan in man en dat sil 'k heit ek wol eventsjes leare', sei Rein.
Hy seach om him hinne. Yn it foarûnderke wie fansels gjin kilometerpeal. Wêr soe er heit op slaan litte? Hy seach neat dat der op like. Op 't lêst, hy tocht, ja, myn kop! Goed. Hy lei himsels de hân op 'e holle. 'No moat heit sa fûl mei de fûst op myn hân slaan as heit mar kin!' 'No jonge, komt dat wol goed?' Heit hie ek wol wat yn 'e bouten. 'Ja, toemar, slach mar ta!' Doe't er wer wat by syn sûpe en stút kommen wie, sei Rein: 'Dat wie no truc, heit'.

Onderwerp

AT 1349D* - What is the Joke?    AT 1349D* - What is the Joke?   

ATU 1349D*    ATU 1349D*   

Beschrijving

Rein is op weg naar de bioscoop om een film te gaan kijken die 'Truc' heet. Onderweg wil een handelsreiziger hem wel uitleggen wat het woord 'truc' betekent. Hij legt zijn hand op een kilometerpaaltje en vraagt de jongen er zo hard mogelijk op te slaan. Op het laatste moment trekt de man zijn hand weg, waardoor de Rein zich bezeert aan het paaltje. Thuisgekomen wil Rein dezelfde grap met zijn vader uithalen. Hij heeft echter geen kilometerpaaltje voor handen, en legt zijn hand daarom maar op zijn eigen hoofd. Als de vader wil slaan, trekt Rein zijn hand weg, en krijgt hij dus een klap op zijn hoofd.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p.

Commentaar

13 december 1976
What Is the Joke?

Naam Overig in Tekst

Rein    Rein   

Naam Locatie in Tekst

Grou    Grou   

Leeuwarden    Leeuwarden   

Ljouwert    Ljouwert   

Irnsum    Irnsum   

Jirnsum    Jirnsum   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20