Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE290 - De pankoekspanne

Een sprookje (boek), vrijdag 20 oktober 1972

Hoofdtekst

De pankoekspanne
Der wienen in man en in frou, dêr kaam it altyd ôfgryslike krap om. Mar op in kear hienen se dan doch in Iyts fortúntsje — de man fertsjinne twa kwartsjes ekstra. 'Wat sille wy dêr no ris mei dwaan?' fregen se har ôf. En doe hienen se sa'n sin oan pankoeken. Dat koe oars net lije, mar dy sinten koenen se wol moal en oalje fan keapje.
Mar och hea, se hienen gjin pankoekspanne. Lykwols, de frou sei: 'Ik wit rie:
buorfrou hat in pankoekspanne, dy mei ik grif wol even liene'. Se gyng nei buorfrou en ja, dat mocht wol. 'Mar', sei de buorfrou, 'op ien betingst: ik moat der ek ien fan ha. Ik mei ek stomme graach pankoeken en ik krij hast noait gjin'. No, dat kaum dan wol klear.
It minske bakte pankoeken en doe rekken se dan tegearre oan 't miel. In gastmiel! De pankoeken smakken sa lekker, dat se wienen op, ear't se der erch yn hienen. Se hienen hielendal fergetten om ien oer te hâlden foar buorfrou.
Hoe no? It wie al wat om dy koekpanne sa werom te bringen.'Dat doch ik net!' sei de man. 'No, ik ek net!' sei de frou. Do hast de lêste opfretten!'
Se kamen der net út en op 't lêst stelden se: 'Wy moatte der mar om wedzje. Wa fan uzes it earst begjint te praten, dy moat de pankoekspanne wer nei buorfrou bringe'. De man tocht by himsels, dat win ik fêst, salang kin in frommis har net stilhâlde, en mines hielendal net.
Mar it minske hâlde fol, krekt as hy. Dat hie sa al in skoft duorre en it ferfeelde har danich, sa wie 't al, mar belies jaan woe se net. Se wie der wat mei oan — hoe sil ik him no doch oan 't praten krije, tocht se, want hy moat eigentlik de pankoekspanne fuortbringe. Dêr haw ik gjin sin oan.
En doe kaam dêr de buorman, wylst se beide thús wienen. Hy hie in boadskipke. No, de frou die krekt as wie se wat op buorman ferslingere. Se lei him de hannen om 'e hals en krûpte him oan. Dat koe har eigen man net útstean. Hy sei: 'No, no! Net sokke healwize kluchten do!' En tsjin buorman: 'Gean jo mar nei hûs, nei jo eigen frou, soe 'k sizze'. 'Dat is bêst', sei syn frou, 'mar gean do der dan ek even hinne — mei de pankoekspanne!'

Onderwerp

AT 1351 - The Silence Wager    AT 1351 - The Silence Wager   

ATU 1351    ATU 1351   

Beschrijving

Een man en een vrouw lenen de koekepan van de buurvrouw om pannekoeken te bakken. De buurvrouw stelt als voorwaarde dat ze een pannekoek voor haar bewaren. Maar voor ze het weten zijn alle pannekoeken op, ze hebben helemaal niet meer aan de buurvrouw gedacht. Het echtpaar besluit een wedstrijd te houden: Wie het eerst begint te praten moet de pan terugbrengen. Na een tijdje komt de buurman binnen. Om haar man aan het praten te krijgen, slaat de vrouw haar armen om de buurman heen. Haar man wordt kwaad, en verliest de weddenschap.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p.

Commentaar

20 oktober 1972
The Silence Wager

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20